Omrop Fryslân

'Luna' is de populêrste namme foar hûnen én katten yn Fryslân; sjoch hjir de hiele top 10

Katten Sophie en Ollie fan baaske Nynke Zijlstra en hûnen Turbo en Baukje fan Ansje Heeringa
© Eigen foto's / Omrop Fryslân
De populêrste katte- en hûnenammen fan 2024 binne bekend. De nammen Bo, Joep en Bella fiere de list oan foar Fryske hûnen, by katten dogge Coco, Simba en Milo it goed.
Dochs is de dúdlike winner 'Luna': dy namme wint it net allinnich by de hûnen, mar ek by katten. Dat hat húsdierefersekerder Figo útsocht.
Dy namme die it ferline jier ek al goed by katte-eigeners, dêrfoar wie Milo populêr by katten. By hûnen wie Teddy ferline jier noch de winner.

Fryske nammen

Wy fregen jimme hoe't jim hûn of kat hjit. En hoewol't populêre nammen Joep, Mila, Luna en Pip geregeld foarbykomme, jouwe ek in hiel soad Friezen de foarkar oan in Fryske namme lykas Japke, Famke, Gurbe, Syb of Lobke.
Boppedat stjoerden jimme massaal foto's fan jimme bêste freonen mei, dat wy koene it net litte om der in pear út te sykjen:
As it giet om de populêrste nijkommers yn 2024 by katten binne de nammen Bella, Charlie, Loki en Pip. It falt Figo op dat tekenfilms jier op jier ynspirearje foar kattenammen. Dat is bygelyks werom te sjen oan de bliuwende populariteit fan de namme Simba út The Lion King.

Top 10 kattenammen yn Fryslân

Namme
1. Luna
2. Coco
3. Simba
4. Milo
5. Bella
6. Charlie
7. Loki
8. Mia
9. Pip
10. Nala
Figo sjocht dat by hûnen benammen universele nammen it goed dogge, en dat leafst fiif notearringen yn de top 10 fan hûnenammen nijkommers binne. Bo, Bailey, Beau, Milo en Moos binne allegearre nij binnenkommen yn 2024.

Top 10 hûnenammen yn Fryslân

Namme
1. Luna
2. Bo
3. Bailey
4. Bella
5. Joep
6. Beau
7. Max
8. Milo
9. Moos
10. Ollie

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.