Bistedokters bliid mei chipplicht, Simba en Poekie moatte deroan leauwe
It is in goeie saak dat eigeners fan katten tenei ferplichte binne harren húsdieren chippe te litten. Dat sizze de measte bistedokters. Dy fernimme no al dat der mear fraach is.
De kosten fan de chip binne foar it baaske meastentiids net mear as trije tientsjes en it setten fan de lytse chip giet fluch en ienfâldich. Dy is sa grut as in ryskerl en wurdt mei in ynjeksje by de kat ûnder de hûd brocht.
"We zien nu al dat naar aanleiding van het nieuws er veel meer vraag is naar de chip", fertelt Sophie Provily fan de bistedokterspraktyk yn Dokkum. "Wanneer een kat bijvoorbeeld voor castratie wordt gebracht dan kan de injectie met de chip ook worden gegeven."
It is in misbegryp dat minsken tinke dat it chippen fan in kat in soad kostet. "Sommige mensen bellen en denken dat het honderden euro's kost. Dat is niet zo. We verdienen er ook vrijwel niets aan."
De bistedokters yn Dokkum hawwe it drokker no't de chipplicht foar katten der oan komt
De chipplicht moat derfoar soargje dat katten dy't poater reitsje flugger wer werombrocht wurde kinne nei it baaske. By de praktyk yn Dokkum binne se dan ek tige wiis mei de nije regel.
"We krijgen in de zomer soms wel iedere dag een kat binnen waarvan we niet weten wie de eigenaar is. Je wilt zo snel mogelijk het baasje en de kat weer herenigen", seit Provily.
60.000 miste katten
Mar dat is net de iennichste reden. It moat troch de chipplicht ek makliker wurde om swalkkatten sûnder eigener oan te pakken. Dat lêste is just yn ús provinsje in grut probleem, hjir meie swalkkatten ôfsjitten wurde om greidefûgels te beskermjen.
"Er zijn hier heel veel zwerfkatten en dat geeft problemen in de natuur. Door het chippen weten we welke kat een baasje heeft en welke kat niet."
Neffens it ministearje wurde alle jierren sa'n 60.000 katten as mist opjûn. Dy soargje foar in lytse fiif miljoen euro oan opfangkosten foar gemeenten. Wannear't de lanlike chipplicht in feit is, is noch net dúlik.
Om in ein te meitsjen oan bisteleed wurdt it ek ferbean om trochfokte hûnen en katten te hâlden. It giet om hûnen mei sa'n koarte snút dat se altyd efter de pûst binne en katten mei optearde earen. It fokken mei sokke bisten wie al ferbean, mar it hawwen fan sa'n hûn of kat mei dus tenei ek net mear.
In goeie saak fynt de bistedokter yn Dokkum, al ropt it ek fragen op. Want wat as der yn de kommende jierren mei in krekt berne mopshûntsje binnenkomme, moat de bistedokter dêr dan wat mei? "We zitten nog met heel veel vragen en zouden daarin wel duidelijkheid willen hebben van de minister", seit bistedokter Provily.