Omrop Fryslân

Wiebe Wieling is net langer Alvestêdefoarsitter: "It hat my feroare"

Wiebe Wieling yn 2021 by de Alvestêdebrêge yn Gytsjerk
© ANP
Tweintich jier lang wie Wiebe Wieling (69) foarsitter fan de Alvestêdeferiening, de Tocht mocht hy nea útskriuwe. No hat hy de foarsittershammer trochjûn en sjocht er werom op syn perioade. "It hat my wol feroare."
Yn 2012 siet Wieling achter de tafel om it lân min nijs te bringen. Yn it noarden fan Fryslân lei genôch iis, mar it súdlike diel fan de rûte wie net fertroud genôch.
Dêr't syn foargonger Henk Kroes ferneamd waard mei de wurden 'it giet oan', mocht Wieling se nea útsprekke.
Dy wurden sil er ek net priis jaan, seit er. "Ik hie myn wurden klear, mar dy hâld ik foar my. Dit is it iennige geheim dat ik meinim."
Wiebe Wieling (rjochts) yn 2012
© ANP
Nea tocht er oan de situaasje - tsientallen kamera's en mikrofoans, sjoernalisten út de hiele wrâld en miljoenen minsken dy't thús foar de telefyzje sitte om nei it ferhaal fan de foarsitter te harkjen - wêryn't de tocht wol trochgean koe.
"It hat net sa faak oan 'e oarder west", fertelt Wieling. "Yn 2012 hienen we dat plaatsje mei al dy kamera's, al wie der doe gjin tiid om lang by stil te stean.
"Je wolle it wol graach, mar it moat der ek in bytsje op lykje. Dat hat dêrfoar en dêrnei net sa west."

Soarchlik

Want it is de realiteit dat de Alvestêdetocht op 2012 nei nea tichtby west is yn de perioade fan Wieling. Hy neamt it 'soarchlik'.
"It is aansen tritich jier lyn, it klimaat feroaret net de goeie kant út", seit Wieling.
"De kâns wurdt earder lytser dan grutter. Wy wienen der klear altyd klear foar, mar wy ha it net yn hannen en dat is mar goed ek."
Hoe sneu it ek is, je moatte it akseptearje.
De Tocht gie nea troch, mar Wiebe Wieling waard der net wanhopich fan
Fjouwer foarsitters fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elfsteden ha yn harren perioade gjin tocht útskriuwe mochten. Wieling is dêr ien fan.
Wanhoopje die hy nea. "Hoe sneu oft it ek is, je moatte it akseptearje. En je moatte ek wurkje mei de wittenskip dat it is sa't it is. Oars kinst net fierder, dan hâldst it net fol."

Ynminging fan de Rânestêd

Wieling wie de earste foarsitter yn de perioade dat it ynternet in grutte rol spile. Dêrmei waard de ynfloed fan de polityk yn Den Haag en minsken yn mediastêd Hilversum noch grutter.
It waard dúdlik yn de coronaperioade. Wylst it bestjoer besletten hie dat it net ferantwurde wie in Alvestêdetocht út te skriuwen, bemuoiden mannen as Mark Rutte en Geert Wilders harren dermei dat it wol trochgean moast
Wiebe Wieling
© Omrop Fryslân
"Wy ha sein: 'Bêste minsken, jimme gean der net oer. Dat bepale wy sels wol.' Wy lûke ús neat oan fan dat soarte dingen, mar it is wol nuver om te sjen hoe't Den Haag dizze kant útkaam om der fan mei te profitearjen."
De Alvestêdetocht is net allinnich fan Fryslân, fynt Wieling. "Wy libje yn in tiid fan polarisaasje, wat is no moaier as in Alvestêdetocht dêr't freonskip it sintrale tema is en dêr't je inoar helpe."
"It soe sa moai wêze om dat nochris te krijen, om sjen te litten dat der eveneminten binne wêrby't it net om jild giet, dêr't kommersje gjin rol spilet en we mei inoar iets dogge."
"Dat hat Nederlân nedich, foaral yn dizze tiid. Mar it waar moat wol in bytsje meihelpe."
It hat myn gefoel fan wearde enoarm holpen.
Wiebe Wieling oer syn perioade as foarsitter
Oer syn eigen wurk as foarsitter fan de Alvestêdetocht is Wieling dúdlik: "Ik ha it altyd mei in soad wille dien."
It hat him feroare. "Ik kom út Menaam, bin opgroeid yn in hiel gewoan gesin", fertelt hy. "It hat my de romte jûn foar eigen ûntwikkeling."
"It omgean mei de parse, ferhalen fertelle oan grutte groepen. Ik ha oeral west, minsken sjoen dy't ik oars net tsjinkaam wie en op alle fronten leuke dingen meimakke. Foar myn gefoel fan wearde hat it my wol enoarm holpen."
Publyk yn Harns by de Alvestêdetocht fan 1997
© ANP
Wieling wie sneon foar it lêst yn funksje foar de Alvestêdeferiening. "De tank is wol aardich leech", seit er.

Altyd yn it spier

Want wylst de Alvestêdetocht yn syn tiid nea trochgie, wie hy wol altyd yn it spier. "It is altyd echt sa west dat ik twa as trije kear yn 'e wike fuort wie, tweintich jier lang."
"Altyd leuke gearkomsten, in houlik dy't yn it teken fan de Alvestêdetocht stie. Lêzingen yn Florida en Sjina, dat wie prachtich."
"Mar it freget in soad enerzjy. Alles wat wy mei de feriening dogge is frijwilligerswurk. Dus it is no wol klear en it is tiid om it oer te dragen."
It ferhaal is wol einich.
Wieling oer de takomst
Al jierren is de takomst fan de Alvestêdetocht ûnwis. Wylst de organisaasje elts jier klearstiet om yn aksje te kommen, wurde de winters hieltyd minder strang.
"Ik hear no in hiel soad om my hinne dat der nea wer in tocht komt, tritich jier is ek in lang skoft."
"Ik ha ek wol sein: it moat binnen tsien jier wol gebeure. Der binne noch altyd 30.000 leden, mar it ferhaal is wol einich."

Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau

Wieling waard sneon by syn ôfskied ûnderskieden as Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Hy krige syn lintsje fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok.
"Dan komst net om it ferhaal te ferjitten. Dan moatte je oandacht skinke oan wêrom't wy dit dogge."
"As it aansen fjirtich jier lyn is, komt de fraach: hoe moat it no... Mar safier is it noch net, ik hoopje dat der yn jannewaris ien komt."
Jan Bakker (l) en Wiebe Wieling (r)
© Martin de Jong
Jan Bakker hat de foarsittershammer oernaam fan Wieling. De nije foarsitter krige noch ien advys fan syn foargonger.
"Ik ha hiel dúdlik sein: doch it op dyn eigen wize, want dat is de ienige wize."
"Dit is it meast unike en it moaiste sportevenemint fan de hiele wrâld, dêr bin ik fan oertsjûge."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.