Omrop Fryslân

Ljouwerter sûnder politike ambysjes krijt berjocht fan D66 Assen: "U staat op de kandidatenlijst"

Wilfred de Jong út Ljouwert
© eigen foto
De striid om in plak yn de gemeenteried stiet op it programma foar takom jier. Yn de tarieding dêrop wurde de plakjes by in soad politike partijen ferdield. Wilfred de Jong út Ljouwert krige it berjocht dat hy op plak 7 stiet by D66 yn Assen. Allinnich: hy wit sels fan neat.
Mei noch 4 moannen te gean foar de gemeenteriedsferkiezingen fan 18 maart is it ûnrêstich by in soad politike partijen. Kandidaten stride om in plakje op de list.
Soms rinne de spanningen sa heech op dat minsken dy't nei har eigen idee net heech genôch op de list komme, sels opstappe. Dat barde koartlyn noch by Grienlinks/PvdA yn Ljouwert.
Mar oarsom kin it ek, sa docht bliken út it ferhaal fan De Jong. Hy krige in mail dat hy op de kandidatelist fan D66 yn Assen stiet.
Graag reactie of je akkoord bent.
Stie yn de mail dy't Wilfred de Jong krige fan D66
"Ik kreeg een mailtje", sa fertelt hy, "daarin stond dat ik op 7 was gezet van de kandidatenlijst."
Fierderop yn de mail stiet: "Graag reactie voor woensdag 3 december 18.00 uur of je akkoord gaat met je plaats op de lijst. Zo niet, dan aangeven of je op een lagere plaats wilt staan, dan wel in het geheel niet op de definitieve lijst wilt staan. Met vriendelijke groet, Arie de Bruyn, voorzitter verkiezingscommisie"
Hjir soe Wilfred de Jong dus oan de slach moatte as riedslid foar D66
© RTV Drenthe
"Ik dacht eerst dat het een geintje was, totdat ik de kandidatenlijst zag. En daar staan mijn naam wel degelijk op: Wilfred de Jong".
De Jong hat lykwols hielendal gjin politike ambysjes.
"Ik werd vanmorgen wakker en toen heb ik het nog een keer gelezen", seit er. "Toen heb ik het als grapje op Facebook gezet. Maar toen dacht ik later: "Ik moet die mensen nog even waarschuwen"."

In flater

De partij is op it stuit mei trije sitten fertsjintwurdige yn de gemeenteried fan Assen. It is dêrmei ien fan de wat lytsere partijen. Mar nei de ferkiezingen soe dat best ris oars wêze kinne: yn de lanlike peilingen stiet de partij der hiel goed foar.
D66 yn Assen wit yntusken fan de flater.
Foarsitter Simon Wisselink fan D66 Drenthe Breed baalt dat de mail nei Wilfred de Jong yn Ljouwert gongen is. "Er is een fout gemaakt bij het mailen van de lijst."

In bekende Ljouwerter

Wilfred de Jong hat gjin politike ambysjes, in bekende Ljouwerter is hy wol. Hy wie jierrenlang DJ by de lokale omrop yn Ljouwert en ek ien fan de bemanningsleden fan flotten dy't ûnder de namme 'Sterke Yerke' de see opgongen.
It wie de bedoeling om de konsept kandidatelist fan de partij nei in kandidaat te stjoeren mei in namme dy't bot op dy fan de Ljouwerter liket: Wilfried de Jong.
Dat is net in ûnbekende yn de polityk yn Drinte. Hy hat al earder riedslid west foar D66 en is no plakferfangend riedslid. Ek hat hy wethâlder west fan 'Progressief Westerveld".
De Ljouwerter Wilfred de Jong hat der lykwols neat mear oer heard: "Ik heb twee minuten geleden nog even de mail gecheckt of ik al antwoord heb gekregen. Maar niks."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.