Omrop Fryslân

Mei kennis út Ingelân begûn Yde syn eigen siderij yn Fryslân: "Je moatte in soad geduld ha"

Yde Yntema by de buorkerij yn Himmelum
© Omrop Fryslân / Radio Spannenburg
De earste apelbeammen waarden yn 2015 plante njonken de pleats yn Himmelum dêr't Yde Yntema opgroeid is. Doe't de apelbeammen folgroeid wiene, koene de earste flessen apelsider makke wurde. Tsien jier letter is Hâld Moed Cidery fol yn produksje.
Goed 30 jier wenne Yntema yn Ingelân en kaam er by it rispseizoen út en troch nei de pleats yn Himmelum. Yntusken is er wer weromferhuze nei syn âlde plakje.
De drokste perioade is yn 'e hjerst en de winter, as de appels rispe en parse wurde. Yn de simmerperioade wurdt inkeld ûnderhâld útfierd, lykas it meanen fan it gers.

Alternatyf foar bier

It idee om sels sider te meitsjen ûntstie jierren lyn. "Ik dronk gjin bier en fûn sider wol in aardich drankje", fertelt Yntema. "Ik fertelde it oan myn frou en sy fûn it ek in goed idee."
It tagongsstek foar it hiem
© Radio Spannenburg
Yntema syn heit wie melkfeehâlder en hie in stikje lân oer. En dus waarden úteinlik 650 beammen plante, mei op elke rige in oare appelsoart.
"De earste sider wie wat oan de drûge kant. Doe ha ik yn Ingelân in siderkursus folge om de knepen fan it fak te learen."
De namme Hâld Moed is net út it neat ûntstien. De wurden steane ek op it stek foar it hiem fan de famylje Yntema. Yntusken hat it houten stek plakmakke foar in stielen stek, mar noch altyd mei deselde tekst.
It âlde stek
© Radio Spannenburg
"Dy tekst hat myn pake der yn de oarloch op skildere. It hat der altyd op stien en dêrom ha ik de siderij sa neamd."
In earbetoan wol Yntema it net neame, "It is in oantinken."

Wyn, mar dan oars

It meitsjen fan sider is in proses dat net bot ferskilt fan it meitsjen fan oare soarten alkohol, fertelt Yntema.
Oer Fryslân yn Bedriuw
© Omrop Fryslân
"Sider is eins wyn, mar dan mei appels yn stee fan druven. It wurdt parse, fergiste en ripe."
Alles bart by Yntema sa natuerlik mooglik. "Der wurdt net spuite, it meande gers litte we lizze as kompost en bijen soargje foar de ferstowing."
De bongerd
© Radio Spannenburg
Dit jier wurdt ek eksperimintearre mei wylde fergisting, mei tank oan in freon dy't him in oantal jierren werom begûn is te helpen.
"Ik ha sels neat tsjin gist út in pakje, mar it is wol moai om it sa natuerlik mooglik te dwaan", seit Yntema.
De flesse mei in sjampanjekoark
© Radio Spannenburg
Op de siderij helpe gâns frijwilligers mei mei de appelrisping. Ek binne hobby-sidermakkers altyd wolkom om harren eigen siders te meitsjen op in wat gruttere skaal as wat thús mooglik is.

Fergisting?

By it meitsjen fan alkohol is fergisting in needsaaklik proses. Dêrby wurde sûkers troch middel fan gist omset yn alkohol en CO2. Gisten binne mikro-organismen dy't fan natuere foarkomme yn fruit, mar ek apart kweekt wurde kinne.
Fergisting wurdt ek wol fermintaasje neamd. Om de fermintaasje stil te setten, wurdt de drank pasteurisearre om de mikro-organismen te deadzjen.
Fan de siderij libje is net mooglik, jout Yntema ta: "Dan soe ik by de itensbank stean."
Nederlân is noch net echt in siderlân, mar Yntema docht syn bêst om dat te feroarjen. "We stean ek op merken om minsken priuwe te litten. Se fine it dan dochs wol lekker."
De flessen mei sider op 'e kop
© Radio Spannenburg
De nijste oanwinst fan de siderij is de sider yn sjampanjestyl, dy't in neigisting op flesse hat. De flessen wurde op 'e kop set sadat it gist him yn 'e nekke sammelet.
"De nekke befrieze we en as we de flesse iepenje, sjit it derút. Dan sette we der in sjampanjekoark op."
Yde Yntema yn de bongerd
© Radio Spannenburg
It hiele proses fan it plukken fan de appels oant de ferkeap duorret sa'n twa jier. "Je moatte in soad geduld ha. Dat is wol grappich, want ik ha gjin geduld", fertelt Yntema.
Nettsjinsteande dat it oan de man bringen fan sider yn Nederlân sa syn útdagingen hat, wie in siderij yn Ingelân nea in opsje. "Ik wie altyd fan doel om it paad werom te nimmen, sa't Piter Wilkens sjongt."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.