80 jier Veenma: trije generaasjes smeiden in famyljebedriuw
Dit wykein fiert Veenma yn Dokkum syn 80-jierrich bestean. Wat yn 1945 begûn as doarpssmid, groeide al gau út ta in meganisaasjebedriuw mei mear as 20 meiwurkers.
It bedriuw, dat yn 1945 oprjochte waard troch Jan Veenma, waard letter fuortset troch syn soan Gosse en stiet yntusken ûnder lieding fan syn soan Feitze.
Yn 2014 ferhuze Veenma fan Nijewier nei Dokkum, dêr't it bedriuw no it jubileum fiert.
Jan Veenma begûn yn 1945 as doarpssmid yn Nijewier. Yn 1965 groeide it bedriuw út syn jaske en dêrom liet er krekt bûten it doarp in nije smidderij bouwe, mei in hûs derby.
"De hynders hiene we noch midden yn it doarp, mar dêr koe gjin trekker binnen, dus moast der wat barre", fertelt Gosse Veenma.
Dêrom besleat de heit fan Gosse, Jan Veenma, om it bedriuw bûten it doarp te fêstigjen.
"Dêr krige er doe in benzinepomp by."
25.000 gûne foar in hûs
It nijbouhûs koste yndertiid 25.000 gûne, en de wurkpleats wie like djoer. "En de kosten fan de bestrjitting wiene foar de eigener fan de benzinepomp."
It hûs waard boud troch Bouma en de wurkpleats troch Allema, twa oannimmers út it doarp.
"Us heit hat wolris sein: djoerder as no wurdt it noait." Yn 2014 ferhuze it bedriuw fan Nijewier nei de Hogedijken yn Dokkum.
"We woene yn it doarp ús plak ferbouwe, of dochs op syk nei in oar plak, mar dat koe en mocht nearne. Doe kaam dit plak yn Dokkum op ús paad, en dat wie in moai ein foarút."
Meganisaasje
Doe't de meganisaasje yn 1963 opkaam, ferdwûnen de hynders en naam it brûken fan masines allinnich mar fierder ta.
"De boerebedriuwen waarden hieltyd grutter, mar yn 1970 kaam de ruilferkaveling en doe hâlden der sa'n santjin lytse boeren op yn en rûn it doarp. Dat wie doe in spannende tiid", fertelt Gosse.
Koart dêrnei giene de Veenma's ek yn it grûnwurk oan de slach.
"Doe hawwe wy in hiel soad gasliedings oanlein, sa kamen we doe ek de tiid wer troch."
Do moatst foarútsjen. Dêrom sitte wy hjir no, omdat wy foarútsjoen hawwe.
Yn 2005 kaam Gosse Veenma syn soan Feitze by it bedriuw te wurkjen wêrmei't hy de tredde generaasje yn it famyljebedriuw waard.
Yn 2014 naam Feitze offisjeel it stôkje fan syn heit oer.
Gosse sjocht werom op prachtige jierren yn it famyljebedriuw.
"Geweldich, ik ha altyd in moaie tiid hân en ik ha altyd in goeie frou efter my hân. Ek Annemarie, dy't altyd de boekhâlding foar my die, is noch hieltyd aktyf yn it bedriuw."
Untwikkelingen
Dit jier fiert Veenma syn 80-jierrich bestean. De tredde generaasje, Feitze, dy't fan jongs ôf meigroeid is yn it bedriuw, sjocht grutte ûntwikkelingen yn al dy jierren yn it meganisaasjebedriuw.
"It autonome, de robotisearring, de robofikaasje... Saken dêr'tst in pear jier lyn noch fan tochtest: ik wit net hoe't dat komme sil, mar do hâldst it wol yn 'e gaten. En dan is it der ynienen, en wurdt der echt yn ynvestearre", fertelt hy.
Mei de technology fan hjoed-de-dei is it foar it bedriuw wichtich om goed by de tiid te bliuwen en mei te gean yn dy ûntwikkelingen.
"In tal leveransiers jout alle jierren kursussen, ús minsken geane dêr yn it jier sawat twa wiken hinne om dat te folgjen. Sels bliuwe wy ek troch kursussen by de tiid."
Wy binne der grutsk op dat wy noch hieltyd in famyljebedriuw binne, dat is yn dizze sektor net sa gewoan mear.
Ien fan de gruttere útdagingen binnen it bedriuw wie sa'n 13 jier lyn, doe't se noch yn Nijewier fêstige wienen en graach útwreidzje woene.
Nei it besykjen fan meardere lokaasjes kamen se úteinlik út yn Dokkum.
"Hjir koene wy ús bedriuw better sjenlitte oan de bûtenwrâld. Do hast in moaie showroom, in wurkplak, ek klanten kinne hjir noflik delkomme."
Yn Nijewier wurken se benammen in soad bûten, dus de ferhuzing nei Dokkum wie in noflike nije stap foar it bedriuw en de meiwurkers.
"Yn de wurkpleats wurkje je no yn 20 graden, je hawwe waarme hannen, dat wurket ek better."
Takomst
Veenma sjocht posityf nei de takomst: "Dizze regio dêr't wy sitte, is by útstek in agraryske omjouwing."
Neffens Feitze is it in moaie sektor om yn te wurkjen, just om't dy safolle te bieden hat: "Fan trekkers oant robots en gps."
Hoewol't boerebedriuwen hieltyd grutter wurde, boeren mear eigen iten ferkeapje en stikken grûn mooglik opkocht wurde troch Steatsboskbehear of de provinsje, bliuwt de grûn altyd bestean en dy moat bewurke wurde.
"Op watfoar wize dan ek, alles giet gewoan troch. Dat jildt ek foar it ûnderhâld fan strjitten, fuotbalfjilden en neam mar op", beslút de direkteur.