Omrop Fryslân

Feilichheidsregio's hawwe driuwend jild nedich: "Net struktureel goed organisearre"

Auto's fan de brânwacht by in rampoefening op Flylân
© Lennard Jan Geerts
Der moat sa gau as mooglik jild komme foar de feilichheidsregio's yn ús lân, sa ropt it Veiligheidsberaad op oan it kabinet. It giet om minimaal 240 miljoen euro. En komt dat jild net, dan binne we allegear kwetsber, sa seit de organisaasje.
De feilichheidsregio's binne de helptsjinsten dy't by grutte kalamiteiten of rampen as earste yn aksje komme. Tink dêrby bygelyks oan in oerstreaming, grutte brân of oanslach.
Mar neffens harren is hawwe se op dit stuit net genôch budzjet om dat allegear goed op te fangen.

Net struktureel goed organisearre

"It docht bliken dat wy regionaal, dus yn Fryslân, it hiel goed dogge. Wy ha de saak goed foarinoar. Mar dêr't it yngewikkelder wurdt is 'bovenregionaal en langdurig'. En dat makket ús kwetsber", fertelt Jeroen Gebben. Hy is direkteur fan Veiligheidsregio Fryslân.
"We ha ek 'burenhulp' foar as it nedich is. Bygelyks as it wetter omheech komt yn Limboarch of der is in grutte natuerbrân yn Ede, dan binne we dêr. Mar dat ha we net struktureel goed organisearre, wylst dat wol de fraach wie fan it kabinet. Dêrfan ha wy dus sein: dat moatte we echt better organisearje."
Jeroen Gebben, direkteur fan Veligheidsregio Fryslân
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It jild is neffens Gebben benammen bedoeld foar 'gruttere organisaasjefraachstukken'. "Bygelyks foar hoe't je lanlike koördinaasje krekt optuge moatte en hoe't je dat mei-inoar ôfprate moatte."
It kin lykwols wol sa wêze dat dochs ek jild nei oare saken giet. "Bygelyks in natuerbrân, dat is in saak dy't ek op ús takomt, dêr ha we lanlik sjoen gjin jild foar reservearre, mar it kabinet seit wol dat we dêr wat oan dwaan moatte."
"Dus sizze wy as kommandanten fan de feilichheidsregio's, en mei ús dus de foarsitter fan it Veiligheidsberaad, dat dêr jild foar komme moat."
De fraach is dan oft je finansiering planne kinne op mooglike en ûnfoarsjoene kalamiteiten. Gebben mient fan wol.
"Dan moatte je in soarte fan oerkapasiteit delsette. Wy witte mei de geopolitike driging en oare kwetsbere saken as stroomsteurings, dat de kâns dat soks bart gewoan wat reëler is as dat it yn it ferline wie."

Rol fan Buma

Sybrand Buma is as boargemaster fan Ljouwert ek foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân. Lit no krekt dyselde Buma ek oan de formaasjetafel sitte as ynformateur foar it nije kabinet, wêrby't er dus ek meiprate kin oer dit soarte saken.
Sybrand Buma
© Omrop Fryslân
Dat soe neffens Gebben posityf wêze kinne foar de feilichheidsregio's. "Buma wit as gjin oar hoe't it fjild derby leit en is dêr hiel skerp en handich mei. Wat dat oanbelanget is it net ferkeard dat dêr ien oan tafel sit dy't hjir ferstân fan hat."

In soad jild?

Wylst 240 miljoen euro in soad jild liket, falt dat neffens Gebben op in totale begrutting wol ta.
"As we it omsette nei ús eigen begrutting lanlik sjoen is it noch gjin tsien persint dêrfan en as we it fertale nei euro's de ynwenner is it tsien euro de ynwenner. Dus it moat kinne."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.