Wat dogge dy wolven dêr by dat stek? Wittenskippers dogge dêr ûndersyk nei yn Fryslân
Fryslân en Drinte binne de kommende moannen it toniel fan in primeur. Yn de wolvegebieten yn beide provinsjes wurdt wittenskiplik ûndersyk dien nei hoe't wolven reagearje op wolfkearende stekken. It is wrâldwiid foar it earst dat dat bart.
It ûndersyk wurdt dien troch hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. It komt der op oantrunen fan skieppehâlder Henry Hoiting fan Appelskea. Hy ûntwikkele in wolfkearend raster dat sa goed wurket dat hy de ôfrûne twa jier gjin inkeld skiep mear kwytrekke is troch in wolve-oanfal.
By syn syktocht nei it bêste stek ûntduts Hoiting ta syn fernuvering dat der noch nea ûndersyk dien wie nei it gedrach fan wolven as se konfrontearre wurde mei in raster. Mei stipe fan ûnder oare de provinsje Fryslân en de organisaasje BIJ12 komt it der no.
Wat bart der by in stek?
It ûndersyk stiet ûnder lieding fan associate lector Martijn Weterings fan Van Hall Larenstein. "We gaan onderzoeken hoe wolven het hek verkennen, hoe ze eventueel contact maken en wat daar gebeurt", fertelt er.
Der ha wol ûndersiken west nei de wurking fan ferskate rasters en wat der nei in wolve-oanfal bart, mar net nei it gedrach fan in wolf by sa'n stek. "Wat daar specifiek gebeurt, dat is vrij onduidelijk."
We witte noch net safolle fan hoe't wolven har hjir yn Nederlân gedrage en ek dêrom is sa'n ûndersyk bysûnder, seit Weterings. "Het is hier natuurlijk hartstikke druk, er wonen hier heel veel mensen. En die wolf reageert hier misschien wel heel anders dan in andere landen."
De moeilijkheid zal zijn om genoeg data te verzamelen
Neffens de lektor is it fan belang dat it in praktykûndersyk is. Der komme tsientallen proefopstellingen yn de wolvegebieten yn Fryslân en Drinte, wêrby't der twa typen rasters besjoen wurde en it gedrach fan wolven by de stekken mei kamera's registrearre wurdt.
Weterings: "We gaan kijken hoelang wolven bezig zijn bij het raster, hoelang het duurt voor ze contact maken en hoelang het duurt voor ze weer terugkomen. En natuurlijk ook of ze er overheen springen."
It wurdt net in maklik ûndersyk, seit hy. "De moeilijkheid zal zijn om genoeg data te verzamelen. Daarom hebben we ook zo veel proefopstellingen."
It ûndersyk begjint yn desimber en duorret oant en mei maaie. De útkomsten wol Weterings diele mei de minsken dy't wenje en wurkje yn it wolvegebiet. "Het idee is om avonden te organiseren met mensen uit de buurt, waar we de resultaten toelichten en in discussie kunnen gaan."
Draachflak fergrutsje
It ûndersyk kin helpe om konflikten tusken minsken en bisten lytser te meitsjen en om draachflak te krijen, om sa de spanning wat fuort te krijen, tinkt Weterings. "Maar misschien ook het gevoel van veiligheid bij veehouders te vergroten. Want als het raster werkt, is dat natuurlijk een fijn idee."
Dêrmei rekket Weterings oan in gefoelich punt. Der binne nochal wat feehâlders dy't der net folle fertrouwen yn ha dat stekken of rasters harren bisten goed genôch beskermje. En der binne ek genôch foarbylden fan dat wolven der oer of der ûndertroch kaam binne. In skieppehâlder yn Barneveld rekke in soad bisten kwyt oan ien wolf dy't hast tweintich kear oer in goedkard raster hinne sprong.
Gjin betrouwen
BIJ12, de organisaasje dy't foar alle provinsjes byhâldt hoefolle skea wolven oanrjochtsje, hat noarmen opsteld foar wolfkearende stekken. Provinsjes jouwe der ek subsydzje foar. Dochs hat bliken dien dat by 86 persint fan alle wolve-oanfallen oant no ta dit jier yn Nederlân, bistehâlders har skiep of oar fee net of net goed genôch beskerme hiene. Yn guon gefallen wie dat omdat se gjin betrouwen ha yn de wurking fan de rasters.
Ien fan de twa typen rasters dy't ûndersocht wurde is dat fan Henry Hoiting. Hy is der wiis mei dat er sa te witten komme kin hokker faktoaren fan syn ûntwerp no it bêste wurkje. "Ik ben als een kind zo blij dat Van Hall Larenstein samen met ons dit gaat analyseren. Daar kunnen we waarschijnlijk met andere rasters ons voordeel mee doen."