Omrop Fryslân

Is de útfining fan in Fryske skieppehâlder dé oplossing om wolven definityf op ôfstân te hâlden?

Hoiting teste syn raster mei in stroommjitter en in wolvepels
© Omrop Fryslân, Tiete Sijens
Der liket ljocht oan de ein fan de tunnel foar grutte skieppehâlders dy't it dreech ha om har fee te beskermjen tsjin de wolf: der komt in wolfkearend stek op de merk dat in ein meitsje kin oan harren problemen.
It stek is ûntwikkele troch Henry Hoiting fan Appelskea, sels ek skieppeboer. Hy hat der mear as twa jier oan wurke en oardel jier mei proefdraaid. Yn dy tiid hat gjin inkeld skiep it libben litten.
Hoiting kaam ein ferline jier nei bûten mei it stek dat er útfûn hat. Dêr't oare rasters allinne útgeane fan stroom om wolven ôf te skrikken, brûkt dat fan Hoiting noch wat ekstra metoaden. It stek is foarsjoen fan in lucht en jout in lûdsje ôf, wêrtroch't it de oandacht lûkt fan wolven.
Wolf
© ANP
Yn stee fan dat it rôfbist wat fan syn gading fynt, krijt er in stroomstjit. Tenei assosjearret de wolf de lucht en it lûd mei de ferfelende ûnderfining fan dy stroomstjit en sil er it wol út de kop litte om der wer by yn de buert te kommen.
Sa wurket it
By syn ûndersyk nei wat wurket om wolven op ôfstân te hâlden, ûntduts Hoiting dat gongbere rasters dan wol stroom brûke, mar dat wolven dêr net echt lêst fan hawwe. De triedden jouwe te min stroom ôf om in wolf skrik oan te jeien.
Neffens Hoiting komt dat trochdat der te folle stroom troch in te tin triedsje moat. "Het lijkt alsof je hoogspanning door een kabeltje van een luidspreker wilt laten lopen." Mei dy wittenskip sloech Hoiting oan it puzeljen en eksperimintearre er mei triedden dy't safolle stroom ôfjouwe dat in wolf dat wól fielt.
Ik durf dit raster wel op de meest risicovolle plekken in te zetten en weet zeker dat er dan geen wolf doorheen komt.
Skieppehâlder Henry Hoiting fan Appelskea
Hoiting hat syn raster mei opset sin hieltyd opnij úttest yn gebieten dêr't wolven aktyf binne, want hy woe der wis fan wêze dat it wurket foardat er it presintearret as in helber systeem foar skieppehâlders. Hy rekke gjin inkeld bist kwyt.

Skiep yn risikogebiet

Op dit stuit rinne hûnderten fan syn skiep yn de Tsjongerfallei, in gebiet dêr't oare skieppehâlders har bisten net mear ha wolle, omdat der nochal wat wolve-oanfallen west ha mei in soad deade skiep ta gefolch.
"Ik heb ze hier nu staan en er gebeurt gelukkig helemaal niets meer", seit Hoiting. "Ik durf dit raster wel op de meest risicovolle plekken in te zetten en weet zeker dat er dan geen wolf doorheen komt."
Deade skiep nei in wolve-oanfal
© Martin Reitsma
De skieppehâlder út Appelskea seit mei klam dat er it net hielendal allinne dien hat. Sa krige hy by de ûntwikkeling fan syn raster stipe fan in wittenskipper fan de Universiteit fan Antwerpen en ha ek de gebietskommisje wolf, de provinsje en organisaasjes as Natuurmonumenten en de Maatschappij van Weldadigheid in bydrage levere.
Mei de wittenskiplik meiwurker út België hat er syn raster teste en sjoen hoe't de wolven reagearje soene. Dêrtroch krige er de wissichheid dat it echt wurke en dat it net de safolste remeedzje wie dy't net goed genôch wurket om it probleem definityf op te lossen. "Je kunt wel iets roepen of denken dat het zo is, maar meten is weten."
Het ei van Columbus? Ik wou dat dat waar was, we zijn nog aan puzzelen.
Skieppehâlder Henry Hoiting
It probleem mei gongbere stekken is dat skieppehâlders dy't har bisten faak ferweidzje moatte dêr in soad tiid en jild mei kwyt binne. It stek fan Hoiting is sa ûntwurpen dat it maklik te ferpleatsen is. It materiaal is licht yn gewicht en dêrtroch makliker del te setten as de folle swierdere alternativen.
Henry Hoiting mei ien fan syn keppels skiep
© Omrop Fryslân, Roos Tuinenburg
Ast him fregest oft dit no it aai fan Columbus is, dan laket Hoiting. "Ik wou dat dat waar was", seit er. It kostet noch altiten mear tiid om syn raster del te setten as wannear't je in inkeld triedsje om je skiep hinne spanne, of hielendal neat.
Mei om dy reden wol hy syn stek noch fierder ûntwikkelje. Want it kin noch lichter yn gewicht wurde, tinkt er. "Daar zijn we nog mee aan het puzzelen."
It wolfkearend raster fan Hoiting is oer in wike as twa beskikber. Feehâlders kinne it dan mei subsydzje oanskaffe, want it foldocht oan de rjochtlinen dy't jilde foar wolfkearende maatregels. In Nederlânsk bedriuw lit it yn it bûtenlân produsearje en bringt it dan op de merk.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.