Omrop Fryslân

Hûnen ynset om Bakkefeanster skiep te beskermjen tsjin de wolf: "It is ús lêste rêdmiddel"

De hûnen moatte earst noch efkes wenne oan harren nije thús
© Omrop Fryslân, Amber Otter
Trije grutte wite hunen fan it Maremma-ras. Se komme hielendal út Noarwegen en moatte de keppel skiep yn de Bakkefeanster dunen feilich hâlde fan wolveoanfallen. Want eardere maatregels om de skiep te beskermjen, binne net mear genôch.
De wolf is in weromkommend probleam foar de keppel. Ek al hat it Fryske Gea fan alles besocht, der wurde noch altyd skiep deabiten.
Der binne sels skiep oanfallen wylst de hoeder derby wie.
Michel krol, It Fryske Gea
"It is in bytsje ús lêste rêdmiddel", fertelt distrikthaad Michel Krol. Tegearre mei syn kollega's betocht hy hieltyd mear wizen om de keppel skiep te beskermjen.
Sa is der sân dagen yn 'e wike in hoeder by de skiep en meitsje se gebrûk fan in mobylse skiepskoai: in plak mei in wolfkearjend stek deromhinne dêr't de skiep nachts yn skûlje kinne. "We tochten dat dat wol genôch wêze soe."
Michel Krol fan It Fryske Gea yn de skieppeskuorre yn Bakkefean
© Omrop Fryslân, Amber Otter
Dochs blykt dat net it gefal: der binne sels skiep oanfallen wylst de hoeder derby wie."

Net super agressyf

It is de bedoeling dat de hûnen los tusken de skiep rinne sille, sadat se wolven maklik fuortjeie kinne. "Se sille de keppel, hoeder en ús bordercollies altiten beskermje, dat sit yn harren ynstinkt", seit Krol.
"Komt der in wolf tichtby, dan sille se net fuortdaliks oanfalle, mar earst in soarte fan barriêre opgoaie tusken de wolf en de keppel."
De hûnen binne fokt yn Noarwegen, mar it ras komt eins út de Italiaanske bergen. "Al iuwenlang beskermje se dêr fee tsjin rôfbisten. Se binne hiel waaks, mar net super agressyf. Oare rassen binne folle agressiver."
Dat is net sûnder reden, want yn de Bakkefeanster Dúnen komme in soad rekreanten.

Oanskerpe regels

Foar de wissichheid hat It Fryske Gea de regels foar it gebiet oanskerpe. Sa moatte minsken ôfstân hâlde fan de skiep, de hûnen negere en harren eigen hûnen tichtby oan de line hâlden: "We sille ek mei de hûnen traine", seit Krol.
"It binne learende bisten, dus we hope dat se frij gau it ûnderskied tusken besikers en echte bedrigings meitsje kinne."
Skiep yn Bakkefean
© Omrop Fryslân
De Maremma's binne pas krekt út Noarwegen helle, dus se moatte earst noch efkes oan harren nije hûs wenne. Dêrnei sille se stadichoan yn de kunde komme moatte mei de keppel skiep.

Lânskip yn stân hâlde

As it systeem wurket, dan soe dat in soad betekenje foar de Bakkefeanster Dúnen. Sûnder de skiep soe it lânskip der nammentlik hiel oars útsjen. "As we hjir net weidzje dan soe it binne de koarte kearen wêr bosk wêze hjir. We wolle graach it lânskip yn stân hâlde."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.