Omrop Fryslân

Gemeentehûs Smellingerlân op 'e skop: "Er wordt heel veel hergebruikt"

It gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten wurdt ferboud
© Omrop Fryslân
Ferlitten balys, hingjende kabels oan it plafond fan de boargemaster en in kroade yn de trouseal: de ferbouwing fan it gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten is úteinset.
It gebou wurdt de kommende tiid flink oanpakt. De yndieling wurdt oars en der wurdt ferduorsume.

Takomstbestindich

Om de ferbou offisjeel yn te lieden, stoarmen wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier en Willem Haaisma, adjunkt-direkteur fan boubedriuw Van Wijnen, troch in doar hinne. De manlju waarden lyk oan it wurk set, want der moasten tapyttegels skept wurde.
"Die worden hergebruikt", seit Hartogh Heys van de Lier. "Er wordt heel veel hergebruikt." Hy doelt bygelyks op de plafondplaten en de binnenwanden, dy't nei de ferbouwing werompleatst wurde.
Wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier en Willem Haaisma, adjunkt direkteur fan boubedriuw Van Wijnen traapje de bou ôf.
© Omrop Fryslân
It gemeentehûs is bot oan fernijing ta. De technyk dy't der no yn sit is âld en trochdat der yn ferskate jierren fan alles byboud is, is de yndieling fan it gebou ûndúdlik en ûnoersichtlik.
Dat sil no feroarje: der komt in logyskere yndieling, nije ynstallaasjes en it pân wurdt mei waarmtepompen ferwaarme.
"De plannen binne dat it in duorsume en takomstbestindige omjouwing wurdt, foar de meiwurkers en de minsken dy't hjir komme", seit Haaisma. Dêrby krijt it boubedriuw help fan ynstallateur Harwig út Emmen.

Tydlik ticht

Mei de ferbouwing is it gebou tydlik ticht. Ynwenners fan Smellingerlân dy't in paspoart, ID-kaart of rydbewiis ophelje wolle, kinne dat dwaan yn it âlde gebou fan swimbad De Welle. Riedsgearkomsten binne yn skouboarch De Lawei.
Is it de bedoeling dat de put ein 2026 klear is: "Dan kinne we de kaai wer oan de gemeente jaan en kinne sy wer oan de gong yn harren nije gemeentehûs."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.