Omrop Fryslân

Miljoeneferlies foar Cambuur: dit binne de trije oarsaken

It Kooi Stadion
© Dijks Media
SC Cambuur hat oer it ôfrûne seizoen in ferlies skreaun fan hast 3,6 miljoen euro. Dat makke de klup hjoed bekend yn de jiersifers.
Der binne meardere oarsaken foar de minne sifers oer it seizoen 2024/2025. De wichtichste dêrfan binne de ynsidintele kosten dy't de klup hie trochdat it spile yn it Kooi Stadion, wylst dat foarich seizoen noch net ôfboud wie.

Ynsidintele kosten

Der moasten rydplaten ynhierd wurde, der binne ekstra húskesweinen delset en de klup betelle foar it meitsjen fan rapporten foar de rûte fan flearmûzen.
It binne samar wat foarbylden fan kosten dy't Cambuur foarich seizoen betelje moast om it spyljen yn it Kooi Stadion mooglik te meitsjen. Dat giet om in bedrach fan 1,8 miljoen euro, wat it de Ljouwerters ekstra koste hat.
De ferkeap fan iten en drinken oan de supporters fan Cambuur koste mear as dat it opsmiet
© Orange Pictures
Sels de ferkeap fan iten en drinken hat de klup jild koste. Gewoanwei fertsjinje je dêroan, mar om't de hoarekafasiliteiten noch net ôf wiene, moasten der hieltyd barren en ekstra personiel ynhierd wurde. Yn stee fan deroan fertsjinje, hat de ferkeap fan iten en drinken Cambuur no trije ton koste.

Gjin laadplein

Wat ek bydroegen hat oan it minne finansjele resultaat, is de oanlis fan in elektrysk laadplein. Of eins: it ûntbrekken dêrfan. Der soe foarich seizoen in laadplein makke wurde op it parkearterrein by it Kooi Stadion en dêr soe Cambuur ien miljoen euro foar krije.
De oanlis fan dat plein is lykwols ferskood, wêrtroch't dat jild foarich seizoen net oan Cambuur oermakke is. It stie wol yn de begrutting, dus dat wie op 'e nij in finansjele tebeksetter. Dat laadplein wurdt, as it goed giet, no dit seizoen oanlein.

Haadtribune net útferkeapje

Treds mocht de haadtribune fan it Kooi Stadion it grutste part fan it foarige seizoen net hielendal beset wurde. It wie noch net hielendal ôfboud en dêrtroch mocht dy tribune mar foar twatredde folle wurde mei minsken. Dêrtroch koe Cambuur net alle kaartsjes en arranzjeminten foar sponsoaren ferkeapje.
Der is hoop foar Cambuur, sa is te sjen yn in nije skybox
© Dijks Media
Hoefolle oft dat de klup krekt koste hat, kinne se net sizze. Mar it giet om tonnen en miskien wol om mear as in miljoen euro.
Dit binne de trije haadoarsaken foar it miljoeneferlies fan Cambuur. Dat de ynsidintele kosten de klup safolle kostje soe, hie algemien direkteur Ard de Graaf net tocht. "Het is een best onbeheersbare post geworden, die we van tevoren niet zo hadden voorzien. We hadden verwacht en gehoopt eerder in een afgebouwd stadion te spelen."
"Het is een historisch seizoen geweest, daar hoort dan helaas ook een historisch resultaat bij."

Negatyf eigen fermogen

Dat soarget der ek foar dat it eigen fermogen fan de klup no wer negatyf is. Nei jierren mei in posityf eigen fermogen, is dat no wer read. Hast 1,3 miljoen euro om krekt te wêzen.
Dat ûndernimmer Pieter Kooi foarich seizoen noch foar 500.000 euro oan sertifikaten kocht hat, makket dat it negatyf eigen fermogen net nóch fierder sakke is.
Ard de Graaf
© Dijks Media
It minne jierrapport besoarget De Graaf soargen en sa no en dan ek wolris in sliepeleaze nacht. "Zorgen had ik aan het Cambuurplein ook, dus dat is niets nieuws. Maar er moet echt wel wat gaan gebeuren om dit de goede kant op te duwen."
Dochs leaut de Cambuurdirekteur deryn dat de finansjele situaasje fan de klup gau wer ferbettere wurdt. "Er zit heel veel perspectief in de club, dat zie je tweewekelijks terug op de tribune. Er is geen enkele twijfel dat deze club gaat komen waar we hem willen hebben, zowel sportief als financieel."

Unwissens

De sifers oer it hjoeddeistige seizoen sille al better wêze, sa ferwachtet De Graaf. Al is it noch net hielendal dúdlik hokker kant oft it op giet.
"Ook dit seizoen is een ingewikkeld jaar. We weten niet precies wat alle kosten zijn. Hoeveel energie gaan we bijvoorbeeld opmaken in dit stadion? We weten het niet, want we hebben het nog nooit gedaan."
It Kooi Stadion fan Cambuur
© Orange Pictures
Wat yn alle gefallen helpe kin, binne de sportive prestaasjes fan de Ljouwerters. Mochten Henk de Jong en syn ploech promovearje bygelyks, dan smyt dat in bulte ekstra ynkomsten op dy't net begrutte binne.

Baouf ferkeapje?

En wat te tinken fan de ferkeap fan spilers? Ismaël Baouf makket in stoarmeftige ûntwikkeling troch en wurdt al linkt oan it nasjonale alvetal fan Marokko. Hy soe samar ris miljoenen euro's opsmite kinne.
Ismaël Baouf fertsjinwurdiget in behoarlike transferwearde
© Orange Pictures
De supporters hoege harren yn alle gefallen gjin soargen te meitsjen oer dat der perfoarst spilers ferkocht wurde moatte om de finansjele situaasje te ferbetterjen, sa fersekeret De Graaf.
"Er is geen sprake van gedwongen verkopen om daar problemen mee op te lossen. Laten we dit seizoen alles eruit halen met de spelers die we hebben."
We moeten de boer op, zoals ze bij mij in het dorp altijd zeggen.
Cambuurdirekteur Ard de Graaf
Cambuur is sels ek aktyf dwaande om mear jild te garjen. De klup is dwaande mei in saneamd 'herstelplan', wat wer in útfloeisel is fan it werfinansieringsplan dat ûndernimmer Pieter Kooi foar de simmer makke hat.
"Er zijn allemaal initiatieven gestart om extra geld op te halen. Met sponsoren, supporters en andere stakeholders", seit De Graaf dêroer. "Met dat extra geld willen we onze exploitatie versterken. We moeten de boer op, zoals ze bij mij in het dorp altijd zeggen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.