Jagers gripe yn by Oranjewâld: de trekker oerhelje foar in lytser tal deimen
Der wurdt sûnt ferline moanne op deimen jage by Oranjewâld. De ôfrûne jierren binne der mear en mear harten bykaam en dat smyt somtiden gefaarlike ferkearssituaasjes op.
Yntusken libje der sa'n 1.000 deimen ('damherten') yn it gebiet by Oranjewâld en Ketlik.
Automobilisten traapje faak foar de bisten op de rem en bewenners en boeren hawwe skea oan tunen en gewaaksen.
Dêrom wol de provinsje mei jacht de populaasje stabilisearje, sadat dy net einleas trochgroeit.
Lestiger as reeën
Der meie alle jierren maksimaal 250 deimen ôfsketten wurde.
Dat mei tusken twa oeren foar sinne-opkomst en twa oeren neidat se sinne delgien is.
Tusken 31 maart en 1 septimber wurdt der net jage, omdat de harten yn dy perioade jongen krije. Yn natuergebieten fan It Fryske Gea, lykas it Ketliker Skar, mei net jage wurde.
Alle faktoaren moatte goed wêze. It giet hiel faak krekt net troch.
Allinnich jagers fan de Wildbeheereenheid (WBE) Aengwirden-Schoterland meie deimen sjitte.
Ien fan dizze jagers is Rutger Bakker út Oranjewâld. Sûnt begjin oktober hat hy fiif deimen sketten, fertelt er.
"Alle faktoaren moatte goed wêze. It bist moat goed stean, der moatte gjin minsken yn de buert wêze en it moat in feilich skot wêze, oars sjitte je net. It giet hiel faak krekt net troch."
Yn 'e mande mei de oare jagers folge Bakker in kursus om de jacht op de bisten sa ferantwurde as mooglik oan te pakken.
Ek mei it each op it grutte oantal rekreanten dat yn de bosk komt.
Hy sjit allinnich hindes en keallen, want dat hat de measte ympakt op it ôfswakjen fan de groei fan de populaasje.
Hoe kamen der safolle deimen?
Deimen komme fan natuere net foar yn Fryslân. Troch ûntsnappingen út hartekampen is de hartesoart dochs yn de natuer terjochte kaam.
Se hawwe yn Nederlân net in soad natuerlike fijannen, wêrtroch't de populaasje maklik groeie kin.
Deimen binne lestiger te sjitten as reeën, dêr't Bakker gewoanwei op jaget.
"Se hawwe folle mear in sosjale struktuer en leare inoar saken. As ien my sjocht oft heart, dan begjint dy te blaffen en hat de hiele groep it troch."
Net rap, wol goed
It is dêrom in kwestje fan stil bliuwe, efter de boskrâne skûlje en inkeld bisten derút pikke dy't allinnich binne.
"Se moatte net yn de gaten krije dat wy gefaarlik binne", seit Bakker.
"Ast se bang makkest foar minsken, is dat ferfelend. Foar de jacht, mar ek foar minsken dy't se moai fine om te sjen."
De jacht mei dan wol net hiel rap gean, it giet neffens Bakker wol goed: "Dat is it wichtichste. Se lizze noch yn it lân en fleane net rap de bosk yn."
Sa giet de jacht op deimen by Oranjewâld deroan ta
Bakker docht it jeien neist syn wurk, krekt as de oare jagers.
It is frijwillich, mar echt in soad wille krijt hy der net fan.
"It binne moaie bisten. Mar as we it net dogge dan groeit de populaasje allinnich mar fierder."
Neffens him wurdt it dan noch dreger om de groei yn 'e stringen te hâlden: "Dan hawwe je minsken nedich dy't der de hiele dei mei dwaande wêze kinne."
Protest fan bistewolwêzenorganisaasjes
It tastean fan de jacht op deimen gie net samar sûnder slach of stjit.
Yn 2021 joech de provinsje ek al tastimming foar it sjitten fan 80 bisten, maar dat waard nei protest fan bistewolwêzenorganisaasjes troch de rjochter ôfwiisd.
De provinsje moast earst oare alternativen besykje om gefaarlike situaasjes en oerlêst te beheinen.
Dat hawwe se dien. Sa binne der ûnder oare warskôgingsbuorden pleatst en is de maksimale faasje foar auto's by it gebied omleechbrocht.
Dochs binne neffens de provinsje de oanpassings allinnich net genôch en groeit it tal deimen te fluch.
Yn de hjerst fan ferline jier joech de provinsje dêrom de Faunabeheereenheid op 'e nij in fergunning om in part fan de deimen ôf te sjitten, mei it doel om de populaasje te stabilisearjen.
Ek hjir kaam protest tsjin. Fauna4Life en Animal Rights tekenen beswier oan.
Op 'e nij waard ôfskot ferbean.
Neffens de rjochter wie net goed ûnderboud wêrom't it tal deimen ôfnimme moast. Ek ûntbruts der in fêststeld faunabehearplan.
Ofskot fan sike of ferwûne deimen om lijen foar te kommen, mocht wol úteinsette.
De provinsje koe net oars as it plan wer yn te lûken en hat wurke oan in nij beslút.
De nije fergunning is neffens de beswierkommisje wol foldwaande taljochte en dus kin de jacht op de deimen no - nei jierren fan prosedueren - wol úteinsette.
In faunabehearplan foar de deimen is noch wol yn ûntwikkeling.
De Steatefaksjes fan PvdD, SP, GrienLinks en D66 hawwe harren twifels oft de provinsje sekuer genôch hannelet en stelden krityske fragen oan Deputearre Steaten.
De friezer fol
It fleis fan de deasketten deimen wurdt nei de slachter brocht en opiten.
"It giet nei restaurants, partikulieren en minsken yn it fjild dy't ús fragen stelle", seit Bakker, dy't sels syn friezer ek fol lizzen hat.
"Dan sis ik: kom fan 'e middei mar del, dan kinne jimme in stik meikrije."