Omrop Fryslân

Oerlêst troch deimen twingt provinsje ta yngripen: "Fataal ûngemak leit op 'e loer”

Twa deimen yn it Ketliker Skar
© Jaslin Draaisma
Ynkoarten meie jagers yn de buert fan Ketlik en Oranjewâld deimen ôfsjitte. De populaasje eksplodearret de lêste jierren flink, dus wol de provinsje dy no beheare foar de ferkearsfeiligens.
Pak jûns ris de auto en riid by de Skoatterlânskedyk by Ketlik of de Tjongervallei del. Of miskien mar net. Want it ôfrûne jier hawwe der 33 oanridingen west mei deimen dêr.
En dy ûnfeiligens moat klear wêze, fynt de provinsje Fryslân. De populaasje deimen groeit sa út de klauwen, dat de populaasje hast net mear yn te damjen is.
Deimen yn de buert fan Ketlik
© Omrop Fryslân
Yn de maitiid fan 2024 wiene der 600 deimen yn de omkriten fan it Ketliker Skar. No binne dat der hast tûzen. De ferwachting is dat der dit jier op syn minst noch 400 bykomme.
Dus jout de provinsje no in fergunning ôf om de bisten te bejeien. Henk de Bruin fan de Faunabeheereenheid Fryslân fertelt dat it der benammen om giet dat de groei beheind wurdt.

Groei derút

"De bedoeling is dat we beginnen met het afschot van hinden en de kalveren. Het plan is om ongeveer 200 herten per jaar te schieten."
Henk de Bruin fan de Faunabeheereenheid Fryslân
© Omrop Fryslân
Mei de beskikbere jagers is 200 ek it maksimale dat slagget. Wylst de groei fan it tal deimen skat wurdt op 400 yn it jier. Dochs is it neffens De Bruin net dweile mei de kraan iepen.
"Dus zal het langer duren voordat we de groei er uit krijgen. Niets doen is geen optie, anders wordt de groei onbeheersbaar. We beginnen dus met die 200 en moeten gaandeweg kijken hoe het proces verloopt."
Boerden by de Skoatterlânske dyk del
© Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Omwenners meitsje harren al langer soargen oer de groei fan it tal deimen. Benammen as it giet om de ferkearsfeiligens. Dochs binne de mieningen oer it ôfsjitten ferdield.
Ferskate pleatslik belangen jouwe oan gjin stânpunt te hawwen oer it ôfsjitten. Dat de link lein wurdt tusken de groeiende populaasje en de ferkearsfeiligens begripe minsken wol.
Wat fine omwenners fan de plannen om deimen ôf te sjitten?
Mar oft dêr no bisten foar sneuvelje moatte, is net eltsenien it oer iens. In tal ynwenners ropt de provinsje op om de lantearnepeallen op de diken werom te setten.
Der is al langer argewaasje oer hoe tsjuster de diken binne. De deimen stekke jûns en nachts sa mar oer en komme foar de auto. Der binne boerden pleatst, mar dy helje neffens ynwenners net sa folle út.
It momint fan in fataal ûngemak komt hieltyd tichteby
Deputearre Matthijs de Vries
Deputearre Matthijs de Vries seit dat it oanpakken fan de diken net sa mar fertuten dogge.
"Dat hawwe wy de ôfrûne jierren al dien. Wy hawwe drok dwaande west mei de ferljochting, warskôgingsbuorden en previnsje", seit de deputearre.
"We hawwe dus fan alles dien om te kommen ta in feiligere situaasje, mar we sjogge dat it tal oanridingen allinnich mar tanimt. Oant no ta hat dat noch gjin fatale ôfrin, mar dat momint leit hieltyd mear op'e loer."
De Schoterlandseweg mei grut ljocht oan
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Yn de regio Rijnmond en Amsterdam die it ôfsjitten gjin fertuten. Der wie mear fiedsel beskikber foar oare deimen wêrtroch't de oerbleaune deimen harren better fuortplantsje koene.
It ôfsjitten fan tûzenen deimen, liede dus mar ta in lytse krimp. Neffens De Vries sil dat hjir sa'n stoarm net rinne.

'Soarchfuldich'

"Dit is in lytse yngreep wêrtroch't mooglik oer twa jier pas de groei der út is. Yn dy tiid wolle we krekter bepale wat de populaasje is dy't te behearskjen is foar it gebiet."
Deputearre Matthijs de Vries
© Provinsje Fryslân
Dat wol de deputearre mei alle foarsichtichheid dwaan.
"Dat moat soarchfâldich, mei in goede ûnderbouwing. Der is altyd in soad argewaasje oer. Mar it is ek net mooglik om niks te dwaan, alle belutsen organisaasjes fiele dat it net mear te behearskjen is."
In deim sit fêst yn de touwen
© Frenk Stoutjesdijk
Ek it bioferskaat spilet in rol by it beslút fan de provinsje. Sa fretten de deimen in soad planten op. Allinnich rodendrums bliuwe stean. Sike en ferwûne deimen meie no ek provinsjebreed út harren lijen ferlost wurde.
Oer in moanne moat de fergunning yngean, as der gjin beswieren tawiisd binne. It fleis fan de deimen sil brûkt wurde troch hoareka yn de omkriten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.