Harten soargje foar oerlêst yn Oranjewâld: "Se frette alles op"

Damherten yn Oranjewâld
Damherten yn Oranjewâld © Omrop Fryslân
Harten soargje noch altyd foar oerlêst by Oranjewâld. De bisten dûke op yn tunen, ite dêr planten en fûgelfoer op en soargje foar skea en gefaarlike ferkearssituaasjes. Ofsjitte is lykwols noch net mooglik.
It probleem spilet al jierren en liket hieltyd slimmer te wurden. Provinsje Fryslân woe yn 2021 de populaasje fan sa'n 300 harten yn it gebiet Oranjewâld-Ketlik werombringe nei 80. Dat gie doe nei protest net troch.
Yntusken is it oantal 'damherten' (offisjeel 'deimen' yn it Frysk) wer tanommen, want yn 2022 wiene it der om de 360 hinne.

Heft yn eigen hannen

Om't de oerlêst bliuwt, nimme guon minsken it heft yn eigen hannen. Sa ek Jochem Liemburg, dy't tichteby de râne fan it bosk wennet. Hy boude in grut stek om syn tún hinne om de brutale harten bûten te hâlden.
Hy wol graach dat de provinsje aksje ûndernimt, mar dat duorret en duorret mar: "Doe't ik tocht dat it net mear barre soe, haw ik mar in stek delsetten. Dan bin ik yn alle gefallen feilich."
Jochem Liemburg
Jochem Liemburg © Omrop Fryslân
Want de net-winske besite, gie te'n koste fan syn hobby: túnkje. "De wille giet derôf. Se frette alles op. As je in roazeperkje hawwe, dan wolle je de roazen ek sjen. Dan wolle je net dat se ôffretten binne."

Fjochtsjende harten

En it binne der neffens Liemburg net ien of twa, soms komme se yn groepen fan 50 of 60: "It binne grutte bisten, mei grutte poaten. Dus as der in stik as tsien troch dyn tún stappe, dan is dyn tún omploege."
Liemburg syn stek rint om syn hiele hûs hinne, want de harten komme net allinnich mear fia de boskkant. As it tsjuster is, dan rinne guon soms ek de dyk op.
"Juster wiene hjir fierderop twa oan it oan it fjochtsjen. Ik krige in filmke op de buertapp. Dat giet der dochs wol fûleindich oan ta."

"Prachtich"

Net alle omwenners hawwe oerlêst. Guon binne krekt bliid mei de komst fan de bisten. Sa ek Liemburg syn buorman Udo de Goede: "Ik wenje hjir no 30 jier en ik fyn it prachtich. As ik se by de boskrâne of yn de tún sjoch, dan is dat allinich mar moai,"
Dochs begrypt hy syn buorman wol: "As je in hiel moaie tún hawwe en der komme hieltyd keppels harten trochhinne, dan is dat hiel ferfelend."

Undersyk

It behearskjen fan de populaasje is neffens beide manlju in goed idee. Provinsje Fryslân is dwaande mei in ûndersyk nei de skea dy't de harten feroarsake hawwe.
Dat is neffens harren nei alle gedachten oan de ein fan 2024 klear: "Op basis van de onderzoeksresultaten zal de provincie kijken welke mogelijkheden er zijn om te handelen. Dat is juridisch gezien ook nodig voor het treffen van maatregelen bijvoorbeeld ten aanzien van populatiebeheer."
Oant dy tiid wurde der gjin damherten ôfsjitten.