Omrin-hackers komme drigemint nei: tûzenen bestannen no op strjitte
De kriminelen achter de hack by ôffalferwurker Omrin hawwe in grutte hoemannichte gegevens fan it bedriuw iepenbier makke. Op in webside fan de groep is no mear as 1,1 terabyte oan bestannen pleatst.
De hack by Omrin waard dit wykein opeaske troch hackersgroep Qilin. Moandei publisearren de hackers in tsiental screenshots fan gefoelige data as bewiis fan wat se yn hannen hawwe.
No hat Qilin de driging wiermakke troch noch folle mear bútmakke bestannen online te setten.
Personielsgegevens en persoanlike dokuminten
It liket der dêrmei op dat Omrin gjin gehoar jûn hat oan de easken fan de kriminelen.
By de bestannen sitte ûnder oare personielsgegevens, scans fan persoanlike dokuminten fan meiwurkers en finansjele dokuminten fan Omrin. Oft der ek gegevens fan ynwenners of klanten tusken sitte, is noch ûndúdlik.
Oer hackersgroep Qilin
Qilin is ien fan de meast aktive ransomwaregroepen yn de wrâld. De groep set kompjûtersystemen op slot en stelt tagelyk fertroulike ynformaasje.
De groep hantearret in saneamd 'ransomware-as-a-service-model'; Qilin ûntwikkelet de software, mar oare kriminelen fiere de oanfallen út.
Neffens ynternasjonale feilichheidsûndersikers hat Qilin nei alle gedachten in Russyske eftergrûn. It falt op dat Qilin doelen yn Ruslân en omlizzende eardere Sovjetlannen bewust mijt. Op hackersfoarums kommunisearret de groep benammen yn it Russysk.
Qilin stiet bekend om syn taktyk fan dûbele ôfparsing: de groep fersleutelet net allinnich de systemen fan slachtoffers, mar stelt ek massaal data.
Om fan de hack ôf te kommen, moatte bedriuwen dêrom betelje foar it ûntsleuteljen fan harren systemen én foar it net publisearjen fan fertroulike ynformaasje.