Personiels- en finansjele gegevens bútmakke: Russyske hackersgroep claimt cyberoanfal op Omrin
De hackersgroep Qilin, dy't in link hat mei Ruslân, hat de ferantwurdlikheid opeaske foar de cyberoanfal op ôffalbedriuw Omrin. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân. De namme fan Omrin stiet op de saneamde lekside fan de kriminele groep.
Qilin hat op dy lekside foto's dield as bewiis fan de ynformaasje dy't de groep yn hannen hat.
It giet ûnder oaren om personielsynformaasje en finansjele dokuminten fan Omrin. It past by de wurkwize fan Qilin: earst wurdt de namme fan it slachtoffer bekend makke, dêrnei wurdt de druk opfierd as der gjin losjild betelle wurdt.
Omrin wie moandeitemoarn net berikber foar in reaksje. It bedriuw sei ferline wike noch te ûndersykjen oft en hokker gegevens der dan bút makke wiene.
Troch de oanfal fan twa wiken lyn wiene parten fan de systemen fan Omrin út de loft. Kringloopwinkels yn de provinsje moasten de doarren slute en digitale tsjinsten fan Omrin wiene beheind beskikber.
Ofparsing mei stellen data
Qilin is ien fan de meast aktive ransomwaregroepen yn de wrâld. De groep set kompjûtersystemen op slot en stelt tagelyk fertroulike ynformaasje. Dêrnei krije slachtoffers in kar: losjild betelje of it risiko rinne dat ynterne dokuminten iepenbier makke wurde.
De groep hantearret in saneamd 'ransomware-as-a-service-model'; Qilin ûntwikkelet de software, mar oare kriminelen fiere de oanfallen út.
Neffens ynternasjonale feilichheidsûndersikers hat Qilin nei alle gedachten in Russyske eftergrûn. It falt op dat Qilin doelen yn Ruslân en omlizzende eardere Sovjet-lannen bewust mijt. Op hackersfoarums kommunisearret de groep benammen yn it Russysk.
Oanfallen oer de hiele wrâld
Qilin wurdt yn ferbân brocht mei oanfallen op grutte organisaasjes oer de hiele wrâld. Earder waarden sikehuzen yn Londen, in bierbrouwer yn Japan en soarchynstellingen yn de Feriene Steaten slachtoffer. Yn 2023 publisearre de groep ek gegevens fan in soarchynstelling yn Gelderlân.