Omrop Fryslân

Omrin nei cyberoanfal: noch net dúdlik oft persoansgegevens lekt binne

Brûkers fan de Omrin-app krije noch hieltyd gjin melding wannear't de kontener lege wurdt
© Omrop Fryslân
Offalferwurker Omrin ûndersiket oft klantgegevens op strjitte lizze nei de cyberoanfal fan ferline wike. Oft data lekt is en om hokker gegevens oft it giet, is noch net bekend, seit Omrin.
De earste problemen by it ôffalbedriuw wienen op moandei 13 oktober. Hast alle kringloopwinkels fan it bedriuw yn ús provinsje holden de doarren ticht fanwegen in ransomware-oanfal.

Ransomware-oanfal

By in ransomware-oanfal gizelje kriminelen kompjûtersystemen of bestannen. Pas nei betelling fan losjild jouwe de dieders de tagong wer frij. Omrin fertelt net oft it bedriuw betelle hat of betelje sil.
It bedriuw wie troch de oanfal in skoft telefoanysk net berikber.

Wannear moat kontener by de dyk?

Fierder wurket de Omrin Afvalapp noch altyd net. Dêrtroch krije minsken gjin melding mear as de konteners ophelle wurde. Klanten kleie oer it feit dat se no net witte wannear't de kontener by de dyk moat.
Omrin seit ek dat minsken meldingen krije kinne dy't net doge.
De ôffalkalinders op de eigen Omrin-webside dogge it wol wer. Dêrmei kinne minsken har postkoade en hûsnûmer ynfolje om út te finen wannear't de konteners lege wurde.

Undersyk nei datalek

Meardere Grinslanner gemeenten warskôgje op harren websiden dat der nei de hack gegevens fan brûkers lekt binne.
In wurdfierder fan Omrin seit mei klam dat dit op dit stuit noch net dúdlik is. It ûndersyk nei in mooglik datalek rint noch.
De ôffalynsammeling en ferwurking fan ôffal binne nettsjinsteande de cyberoanfal trochgien.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.