Wy lummelje te min en dat is soarchlik: "Nodig om emotioneel te herstellen
Omlummelje. It is fan grut belang, mar dochs ferkieze we de ôflieding. Wat is dêr it gefolch fan? En hoe pakst dat eins oan, neat dwaan? "We duwen de piekermomenten weg", fertelt psycholooch Irma van Steijn.
De Raad voor Volksgezondheid & Samenleving ropt op om mear om te lummeljen. Om sa te wurkjen oan "een meer ontspannen samenleving".
Deistige fertraging, dêr't wy neat yn hoege te dwaan foar wurk en skoalle. En wêrby't de mobyl op syn plak lizzen bliuwt.
It klinkt sa maklik, dat lummeljen. Mar dochs blykt it, hielendal yn dizze tiid, noch in hiele keunst.
Emosjoneel werstel
Psycholooch Irma van Steijn fan Ljouwert fertelt hoe't dat kin. Mei wurk hat it neffens har yn alle gefallen net folle te krijen. "In Nederland maken we relatief weinig uren."
Boppedat is der neat mis mei stress, seit se. Do hast it sels nedich om goed te prestearjen, en it betsjut dat wat wichtich foar dy is.
"Het gaat erom dat je de tijd neemt goede stress-ritmes te maken, en dus liefst een paar keer even niets doet. Dat is nodig voor het herstel."
Dopaminekicks
Van Steijn leit út dat wy ús brein te faak oanstean litte. Bygelyks troch in soad sosjale ôfspraken en dy ivige smartphone derby te pakken.
Dat soarget foar oerprikkeling.
Het is een verslaving. Telkens dopaminekicks willen krijgen.
En dat wylst we hiel goed witte dat it wichtich is om efkes te 'ûntprikkeljen'.
"Het is een verslaving. Telkens die dopaminekickjes willen krijgen."
It wurdt ús dan ek net maklik makke, foeget se deroan ta. "Denk alleen al aan de algoritmes op Instagram."
Net pikerje wolle
Wat bart der ast de ferliedings wol wjerstiest en dy tekken fan rêst oer dy hinne komme litst?
Dan wurdt it pikernetwurk ynstallearre, seit Van Steijn. Ek wol bekend as it default mode network.
Dat kin ferfelend wêze. Dêrom triuwe in soad minsken dat gefoel leaver fan harren wei. En mei alle ôfliedingen is dat maklik te regeljen.
Mar ferstannich is it net.
Troch nei te tinken en te pikerjen kinst dingen ferwurkje en emoasjes ûntkeppelje fan foarfallen, fertelt Van Steijn.
"Als je daar geen ruimte voor maakt, pot je die gevoelens op."
"Het is dan lastiger om te ontspannen. Je hebt dan weer last van die collega met wie je onlangs een aanvarinkje had. Het lontje wordt korter."
Delgeande spiraal
Sliep is in goede remeedzje. Mar ek dêr hawwe we hieltyd faker in tekoart oan.
"'s Avonds is er geregeld nog wel iets leuks te doen. En lig je in bed, dan komt het piekeren om de hoek kijken. Dus ook dan grijpen mensen steeds vaker naar hun mobiel", seit se.
"Wat weer voor te weinig slaap zorgt en je in een neerwaartse spiraal terechtkomt."
Ut it raam stoarje
Gelokkich is der in manier om dêrby fuort te bliuwen. Yndied, troch om te lummeljen.
Dat kinst op ferskate wizen 'dwaan'. Bygelyks troch efkes út it rút te stoarjen.
"Geen schermen gewoon niets doen. Boven laten komen wat er boven komt. Dat kunnen gedachten of andere sensaties zijn."
Tiid ynromje
It kin ferstannich wêze om tiid yn te romjen foar it lummeljen.
"Een paar keer, vijf minuutjes per dag, is genoeg."
"Maar ik begrijp dat het van je situatie afhangt. Als je een krijsende baby thuis hebt, is het niet altijd mogelijk om drie maal per dag te lummelen."
Er komt pas verandering als blijkt dat je ziek wordt van de schermen.
Kuierje is ek in oanrieder. It leafst yn in rêstige, natuerlike omjouwing. En sûnder muzyk of podcast yn de earen.
"Anders is je brein alsnog gefocused."
Hertslach omheech
Ek meditaasjetechniken helpe de holle leech te feien. Krekt as sporte.
"Zeker als je veel achter een computer zit. Dat gooit je hartslag even flink omhoog, wat daarna voor kalmte zorgt."
Mar der is noch in flinke dyk te gean, seit Van Steijn. De ôflieding lûkt ús hieltyd steviger oan 'e mouwe.
"Neem de schermtijd: die kruipt steeds verder omhoog."
Gefjocht oangean
"Ik denk dat daar pas echte verandering komt als blijkt dat mensen ziek worden van de schermen. Want wat doet al die straling met ons brein? Als er wetenschappelijk bewijs komt dat die schadelijk is, zal er ongetwijfeld regulering komen."
Oant dy tiid moatte we op eigen krêft fan de pot snobbersguod ôf sjen te bliuwen en it gefjocht mei de flugge prikkels oangean.
Oftewol: lang libje it omlummeljen.