Omrop Fryslân

Roos Ykema werom yn Nederlân: "Tige bliid, mar ik kin net genietsje fan myn frijheid"

Roos Ykema mei har mem by har oankomst op Schiphol
© Omrop Fryslân
Aktiviste Roos Ykema út Raard is werom yn Nederlân. Sy kaam moandeitemiddei ûnder grutte belangstelling oan op Schiphol. Ykema wie ien fan de Nederlânske dielnimmers oan de Gazafloat dy't ferline wike oppakt waarden troch Israel.
De Friezinne is bliid dat se wer feilich thús is, mar slút net út dat se nochris dy kant opgiet: "Ik soe miskien ek wol wer op in boat gean, neat dwaan is gjin opsje."
"As minsken op sa'n grutte skaal útmoarde wurde dan moatte we yn aksje komme, op alle manieren dy't we kinne", seit Ykema, dy't yn alle gefallen hopet ea werom te gean nei in frij Palestina. "Dat komt eltse dei tichterby."

Fernederjende arrestaasje

Se beskriuwt de arrestaasje troch it Israelyske leger ôfrûne tongersdei as fernederjend. "Fjouwer Israelyske soldaten namen de kontrôle fan de boat oer. We moasten tolve oeren lang op it dek yn de baarnende sinne lizze."
As ik frij bin, haw ik de plicht om te fjochtsjen foar frijheid fan oare minsken.
Roos Ykema
Oankaam yn Israel moasten se opnij yn de baarnende sinne wachtsje, fertelt Ykema: "We moasten de holle nei ûnderen dwaan, der waard nei ús raasd en we krigen klappen op 'e holle."

As earste wer frij

Dêrnei waard de groep oerpleatst nei de finzenis, dêr't se trije dagen sitten ha. "Wy wienen juster guon fan de earsten dy't frijlitten binne."
Roos Ykema op Schiphol
Neffens Ykema libbe se de lêste wiken op adrenaline. "De spanning komt der no stadichoan út."

Fjochtsje foar frijheid

De Friezinne seit dat wat sy meimakke hat neat is yn fergelyk mei wat de Palestijnen meimeitsje. "Ik krij de Europeeske behanneling, minsken út Algerije en Tunesië binne folle hurder oanpakt", mient Ykema.
Ykema seit dat se net fan har frijheid genietsje kin salang't as de oarloch yn Gaza geande is. "De minsken dêr wurde noch steeds úthongere en der is noch hieltyd genoside. As ik frij bin, haw ik de plicht om te fjochtsjen foar frijheid fan oare minsken."

Reaksje mem

De mem fan Ykema, Christien Schneider, wie tige optein dat se har dochter moandeitemiddei op Schiphol wer yn de earms slute koe. "Se is der wer, ik bin sa bliid."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.