Omrop Fryslân

Roos Ykema dy't oppakt is yn Israel is yn "reedlike omstannichheden"

Roos Ykema en it Israelyske leger
© Omrop Fryslân / ANP
Aktiviste Roos Ykema en oare bemanning fan it skip mei helpguod dat nei Gaza fear soene yn "reedlike omstannichheden" fêstsitte.
Ykema fan Raard waard dizze wike oppakt doe't it skip mei helpguod ûnderskept waard troch Israelyske autoriteiten. De opfarrenden binne nei in detinsjesintrum brocht.
Meiwurkers fan de ambassade hawwe yntusken by de aktivisten west, krige Ykema har mem Christien Schneider te hearren. "Neffens minsken fan de ambassade binne se oanlslein, mar sitte se wol yn reedlike omstannichheden."
Schneider wit fierder noch altyd net in soad oer de tastân fan har dochter. "It is hiel ferfelend, je ha in soad fragen oer de arrestaasje en hoe't se behannele wurdt."

Famyljes yn kontakt bringe

Yntusken wurdt wol besocht de famyljes fan de aktivisten sa goed as dat kin yn meiinoar kontakt te krijen. "Fan 'e moarn krigen wy te hearren dat wy in lyts berjochtsje skriuwe kinne en trochjaan oan de ambassade, dat besykje se dan by har te bringen", seit Schneider.
"Wy kinne dan yn elts gefal witte litte dat wy konstant oan har tinke."
De Israelyske Marine foar de haven fan Ashdod
© ANP
In oantal aktivisten hat oanjûn yn hongerstaking te gean, oft Ykema dêr ien fan is, is ek net dúdlik. "Dat hat se wol yn it foar sein, se wol gjin iten ûntfange fan in regear dat minsken úthongeret."

Hope op in oare útspraak

Premier Dick Schoof hat yntusken sein dat hy begrypt dat Israel Ykema en de oare aktivisten arrestearre hat. Schneider hie hope op in oare útspraak. "Ik fyn it ferskriklik, se meie hielendal gjin minsken oppakke yn ynternasjonale wetters en al hielendal net helporganisaasjes."
"It soe Schoof siere dat hy him dêr fel tsjin útsprekt. Hy docht no as oft se op skoallereiske wiene."
De famylje fan Ykema hat de hope dat se takom wike frijlitten wurde sil. "Dat wy har wer feilich yn ús earmen slute kinne."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.