Omrop Fryslân

Nimme robots dalik de skalpel oer fan sjirurgen yn ‘e Fryske sikehûzen?

Juliette Blauw, sjirurch Frisius MC Hearrenfean
© Omrop Fryslân
In kwaliteitsslach foar de Fryske sikehuzen: op alle fjouwer lokaasjes stiet takom jier in operaasjerobot. In boppeslach foar de pasjint dy't soarch nedich hat.
Yn Frisius MC yn Ljouwert wurkje se al mei de Da Vinci-robot. Sûnt ferline wike wurkje ek sjirurgen fan Nij Smellinghe yn Drachten mei de robot en fan dizze wike ôf dy fan it Antonius yn Snits.
By de fêstiging fan Frisius MC op It Hearrenfean binne se noch dwaande mei de oanskaf, mar de ferwachting is dat fan takom maitiid ôf ek dêr mei de robot operearre wurdt.
"Het is een enorme kwaliteitsverbetering voor de patiënt", seit Juliette Blauw. Se is as sjirurch fan Frisius MC op It Hearrenfean aktyf yn it Buikwandcentrum Noord-Nederland.

Kwaliteit fan libben

"Ik denk dat ze betere uitkomsten hebben, sneller herstel en kleinere wonden. Dat is een enorm voordeel." Mar wat noch belangriker is: kwaliteit fan libben.
Blauw: "Ons doel van de buikwandoperatie is überhaupt een kwaliteitsverbetering. We kunnen pijn wegnemen. Met de robot kunnen we daar een extra laag bovenop doen."
Yn it búkwandsintrum wurde jierliks mear as 300 pasjinten behannele oan bygelyks in nâlbreuk of in breuk yn in litteken. It grutste part fan dy pasjinten kin aansens mei de robot holpen wurde.
Je bestjoere de robot mei twa soarte fan joysticks
© Omrop Fryslân
By de robot wurdt los fan de operaasjetafel wurke. De sjirurch sit op in pear meter ôfstân en bestjoert de robot út in bestjoeringsunit wei dêr't in trijediminsjonaal byld yn projektearre wurdt.
"Tijdens een 'gewone' operatie werk ik met een loepbril", fertelt Blauw. "Dat geeft de mogelijkheid weefsels beter te beoordelen en te kijken waar de kleine bloedvaten en zenuwen lopen. In de besturingsconsole van de robot zie je dat veel duidelijker, alle details."

Djoer, mar gau werombetelle

It apparaat is djoer. In sikehûs moat flink ta de bûse. Mar de fjouwer robots yn de Fryske sikehuzen betelje har rap werom, tinkt Blauw.
"Meer dan. De kosten van een operatie zijn lager. De patiënt kan sneller herstellen en is hierdoor korter in het ziekenhuis. Daarnaast zien we minder complicaties. Zo kun je enorm kosten besparen, terwijl dat niet ten koste gaat van de kwaliteit."
Frisius MC op It Hearrenfean keapet as lêste Fryske sikehûs takom maitiid in operaasjerobot
© Omrop Fryslân
Der rint op it stuit in ûndersyk nei wat it foar ekonomysk foardiel opsmyt foar de maatskippij. Om't minsken rapper opknappe, binne se earder wer ynsetber en dat skeelt syktekosten.

Gearwurking Fryslân-breed

No is it net sa dat yn alle Fryske sikehuzen deselde behanneling útfierd wurdt. Dêr't de fúzje tusken Frisius MC en it Antonius net slagge, witte de sjirurgen inoar goed te finen. Dy binne binnen Fryslân al ien organisaasje, it Maatschap Heelkunde.
"Ik denk dat een van de kernwaarden van Heelkunde Fryslân is dat we de kwaliteit van zorg heel hoog kunnen krijgen door samen te werken en te centraliseren", seit Blauw.
"Het voorbeeld daarvan is het buikwandcentrum. Met de vier robots kunnen we nu op alle locaties hoogwaardige zorg leveren, met ieder z'n aandachtspunten."
De winst is foar de Fryske pasjint. Dy is yn de measte gefallen folle earder thús, en belangriker noch: de pine is in stik minder.

Wêr sit hokker spesjalisaasje?

Yn Frisius MC Ljouwert wurde mei de robot prostaat- en termkankeryngrepen, en ek gynekologyske yngrepen dien.
Yn Snits leit de fokus op term-, rektum- en middenruftbreukoperaasjes.
Op It Hearrenfean dogge se de búkwandoperaasjes. Dêrneist wolle ek de gynekologen dêr mei de robot wurkje en wurdt it útwreide nei it helpen fan minsken mei termkanker.
Nij Smellinghe leit de fokus op nieroperaasjes troch urologen en ek de mage- en termoperaasjes.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.