Omrop Fryslân

Fryslân-ballon mei de loft net mear yn: it ferhaal fan dizze ikoanyske ballon

De Fryslân-ballon
© Omrop Fryslân, Arjen Visser
De bekendste luchtballon fan Fryslân is út 'e feart helle. De ballon mei opdruk fan 'e Fryske flagge is nei in lytse 40 jier ballonfarren mei pensjoen. Oan it loftfartúch sitte in protte ferhalen fêst.
"Kinst der in boek oer skriuwe", seit Jan Bosma fan It Hearrenfean. Hy is eigener fan 'e ballon en hat in eigen ballonnebedriuw, Bosma Ballooning.
It idee foar in Fryske luchtballon ûntstie fuort nei de earste edysje fan 'e Friese Ballonfeesten op De Jouwer yn 1986. De organisearjende Vriendenclub de Vlecke, dêr't ek Bosma diel fan útmakke, krige it ballonfirus te pakken. "We seinen doe: we moatte der sels ek ien hawwe."
"We hawwe doe sels allegear wat jild lape", fertelt Bosma. Op 10 july 1987 wie it safier, de doopfeart fan 'e Fryslân-ballon, dy't de koade PH-JOU krige.
It lochboek fan 'e ballon is ûnder mear tekene troch Hans Wiegel en Piet Paulusma
© Bosma Ballooning
"It wie in hiele happening", wit Bosma noch. Kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel hat de PH-JOU doopt.
Wiegel betanke foar de eare om mei te gean, mar ûnder oaren boargemaster Michel Marijnen fan 'e gemeente Skarsterlân en Harke van der Meer fan 'e Friese Pers BV stapten wol yn it kuorke by piloat Ton Kurvers.
Dêr giet de ballon
© Bosma Ballooning
De earste feart gie fan 'e Jouwer nei Aldeboarn en by taskôgers foel de PH-JOU bot yn 'e smaak. "Oh, wat is-ie moai!", rôp ien fan harren by it omheechgean fan 'e ballon, sa tekene de Leeuwarder Courant doe op.

Senuweftich breidspear

Yn 1989 behelle Bosma syn brevet. In feart dy't him altyd bybliuwt, wie in moarnsfeart op 1 july 1990. In breidspear gie mei yn 'e ballon en se hienen in strak programma, se hienen dêrnei noch in feest.
Jan Bosma oan it wurk
© Bosma Ballooning
"It wie de tiid dat der noch gjin mobile telefoans wienen", fertelt Bosma. "De wyn wie rjochting Snits en it wie wat dizich."
Mei syn ballon gie Bosma de hichte yn en rekke er út sicht. Dêr stie allinnich in hiel oare wynrjochting, nei Drachten. De ballon lâne úteinlik by De Wylgen.
"It breidspear waard al wat senuweftich, want it duorre mar en it duorre mar. De crew hie fansels ek nea ferwachte dat we dêr telâne kamen."
Uteinlik kaam it allegear goed en wie it breidspear op tiid op harren eigen feest.
De PH-JOU by de Friese Ballonfeesten yn 1994
© Omrop Fryslân
Memorabel wie in tripke nei Marokko yn 1990. De ballon wie útnûge om in ballonfeart te meitsjen mei de 61e jierdei fan kening Hassan II. De trip rûn lykwols út op totale gaos.
Bosma sels wie net mei nei Marokko. De ballon waard doe bestjoerd troch Pier Haven fan Jiskenhuzen. Hoewol: Haven moast skoften wachtsje oant de ballon lang om let yn Noard-Afrika oankaam en doe't de PH-JOU der ienkear wie, bliek dat er ûnder de oalje siet.
Uteinlik koe de ballon dochs ien kear de loft yn. Mar de maleur wie noch net foarby. Doe't de Friezen op 'e weromreis oankamen op it fleanfjild yn Parys, bliek dat harren oanhingwein stellen wie.
De Fryslân-ballon by de Telstra Tower yn Canberra
© Bosma Ballooning
Bosma syn absolute hichtepunt mei de ballon wie yn 2005. De ballon die doe mei oan in ballonfeest yn it Australyske Canberra.
Doe't se op in dei de Fryslân-ballon opblaasden, stie Liny Bosma, de frou fan Jan, oan 'e kroanline, it tou om 'e ballon yn betwang te hâlden. "Der kaam doe in man nei my ta", fertelt Liny Bosma. "Hy hie in wite pet op mei de Fryske flagge."
De triennen rûnen dy man oer de wangen dat er wer Frysk prate koe.
In út Fryslân emigrearre man waard emosjoneel doe't er de Fryske flagge seach yn Australië
De man wie yn 1952 út Fryslân nei Australië emigrearre. Doe't de man wat fan de Fryslân-ballon seach yn 'e krante, woe hy him perfoarst yn it echt sjen.
De Fryslân-ballon yn 'e lêste jierren
© Bosma Ballooning
"De man wie hielendal 'feraustralyske'. Mar ik sei: we besykje stadich Frysk te praten", seit Liny Bosma.
"Al dy jierren hie hy nea mear in wurd Frysk praat, mar it gie hieltyd better. De triennen rûnen dy man oer de wangen dat er wer Frysk prate koe."
De foto dy't viral gie
© Marjan Bos-Dijkstra
Yn 2017 waard de PH-JOU in grutte ynternethit. By de Friese Ballonfeesten wie de ballon yn 'e loft. Op 'e grûn waard de 'Er gaat niets boven Groningen-ballon' klearmakke. In taskôger makke in foto dat de Fryslân-ballon noch krekt boppe de Grinslanner ballon útkaam.
"Dat hat puer tafal west", laket Jan Bosma. "Mar we ha der in soad reaksjes op hân en we hawwe der ek in protte wille fan hân."

Emosjonele wearde

No is de ballon útskreaun en mei er net mear farre. "Ballonfarre moat in feilige sport wêze", leit Bosma út. "Ast dy der net mear fertroud yn fielst, moatst dermei ophâlde."

Fryske flagge net ferdwûn yn 'e loft

By de Friese Ballonfeesten fan ôfrûne simmer waard in nije ballon mei de Fryske flagge derop doopt, de PH-TIF fan it Noordelijk Ballonvaartcentrum op 'e Jouwer.
Oft der oer in pear jier krekt sokke bysûndere ferhalen oer dy ballon te fertellen binne, is ôfwachtsjen.
Wat der no mei de PH-JOU barre sil, wit Bosma noch net. "Der sit in grut stik emosjonele wearde by, dus ik moat noch even sjen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.