Rekôredysje foar Ballonfeesten op 'e Jouwer: "Boppe ferwachting"
De organisaasje fan de Fryske Ballonfeesten op 'e Jouwer sprekt fan in útsûnderlik suksesfolle edysje. De luchtballonnen koenen op alle fiif jûnen de loft yn.
Foar it earst yn de 40-jierrige skiednis waard gjin inkelde dei skrast. "Dit is neffens my de earste kear yn de histoarje dat alle jûnen fearn wurde koe", seit in grutske Erwin Bethlehem, foarsitter fan de Ballonfeesten.
Ek waarman Jan Jonkman ûnderskriuwt de útsûnderlikheid: "Dit is hiel unyk, it bart hast noait. Der binne altyd wol ien of twa jûnen dêr't it net op kin. It is unyk wat hjir dit jier bart."
De lêste dei wie it noch spannend, want it wie koade giel:
Dêr't it publyk gewoanwei ien of meardere jûnen misse moat troch it waar, koene de besikers dit jier dus alle jûnen genietsje fan tsientallen ballonnen dy't de loft yn giene.
Hiel drok
"Dizze edysje wie boppe ferwachting. Sneon hiene we in rekôr: 12.500 besikers", seit Bethlehem.
Ek freed wie it bysûnder drok. Besikers setten de auto del njonken de op- en ôfritten fan de A7. Rykswettersteat warskôge om it net te dwaan: "Dit is levensgevaarlijk!"
Foarútsjende blik
De soargen fan snein om it waar blieken efterôf ûnnedich. "Foar ús is it net spannend", sei Bethlehem al. "Wy hawwe yngreven ynformaasje: de buien binne sa klear en dan falt de wyn fuort."
It waar wie sels ideaal foar ballonfearten. "En de fjilden om 'e Jouwer hinne kinne ek wol wat wetter ha, dus we kinne ek noch prima lânje en de ballonnen moai skjin oppakke."
Terrein dit jier folle better
Foar de organisaasje wie it sukses fan dit jier tige wolkom, nei de teloarstelling fan ferline jier. Doe waard it hiele evenemint skrast omdat it terrein te wiet en modderich wie. De organisaasje fûn it net fertroud om dêr tûzenen minsken te ûntfangen.
Dit jier wie it in hiel oar ferhaal. "De Nutsbaan sels sjocht der dit jier perfekt út", seit Bethlehem. "Dat ha we ferline jier moai oppakt mei de kommisje."