Omrop Fryslân

Milan Nijboer: de Fryske Freek Vonk

Milan is de Fryske Freek Vonk
Milan Nijboer fan De Tynje hat seis eigen rôffûgels, wêrûnder twa oehoe's. Ien dêrfan, Baloe, hat er sels fan pyk ôf grutbrocht. Alle dagen is er drok mei it fersoargjen en trainen fan syn fûgels.
Sûnt koart jout er ek edukaasje op skoallen en bûtenskoalske opfangen (BSO's), omdat er it belangryk fynt dat minsken mear leare oer rôffûgels. Hy dielt foto's en fideo's op syn YouTube-kanaal en Instagram-account.
Uteinliks dreamt Milan fan in eigen lokaasje, in lytse bistetún dêr't minsken syn fûgels fan tichtby sjen kinne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.