Omrop Fryslân

Wybren en Gini dogge neisoarch mei in drone: "Ik mei net sykje, ik moat lústerje"

In ljippepyk dy't troch de drone opspoard is
© Omrop Fryslân
"Jim binne der flakby. De foarste kin trochrinne. Net te hurd, jim binne der hast... dêr ja, dêr leit er!" Fjouwer skrieze-aaien lizze yn it nêst dat Wybren Bruinsma op de kommando's yn syn earke fan syn frou Gini Witteveen fynt.
It is noch mar fiif oere moarns, as Gini, Wybren en neisoarger Femme yn in stik greide by Baaium steane. Mei help fan in drone mei in waarmtekamera sykje se hiele perselen lân ôf op greidefûgelnêsten en -piken.
Neisoargers beskermje de nêsten nei't der aaien lein binne, om de greidefûgelstân te helpen.
Gini Witteveen is de piloat dy't de drone bestjoert
© Omrop Fryslân
Dat moat wol sa betiid moarns omdat it dan noch kâld is. De drone moat de waarmte fan bisten ûnderskiede, en as de sinne derby komt, wurdt it byld minder dúdlik. Gini is de piloat, sy bestjoert de drone.
Op in skermke sjocht se opljochtsjend lytse stipkes dy't wize kinne op in nêst of fûgels. Mar it kinne bygelyks ek reekealtsjes of jonge hazzen wêze.
De drone wurdt klearmakke foar de flecht
© Omrop Fryslân
"Ik ha dy fjildeagen net dy't Wybren hat, mar de technyk fyn ik wol hiel moai. Ik ha de drone-oplieding dien en dat leit my mear." Mei in telefoanferbining stjoert se de beide mannen doelbewust nei it folgjende opljochtsjende puntsje op har skerm.

Betiid der ôf

"As je moarns 4 oere út bêd stappe falt it net ta, mar ien kear yn it lân tinkst: wat is it moai! We dogge dit no trije jier en binne no ek wol goed op inoar ynspile. En as je it tegearre dogge, moatte je ek beide betiid út it nêst wei!", laket Gini.
Wybren en neisoarger Femme stappe op oanwizen fan Gini it lân yn
© Omrop Fryslân
Yntusken klinkt Wybren wer op har earke. "Moatst hjir ris sjen, hjirre! Wat in plaatsje, trije ljippepykjes flak byelkoar!"
Bruinsma is koördinator fan achttjin fûgelwachten. It binne no de drokke dagen foar him.

Boeren wolle meane

Geregeld krijt er in berjochtsje dat der in stikje lân is dêr't er even oerhinne moat omdat de boer meane wol. En dan wurde Gini en hy optromme.
Tegearre mei de neisoarger dy't kontakt mei de boer hat giet Wybren dan it lân yn. De mannen sette stokjes by de nêsten en de gegevens wurde ynfierd yn de app fan it BFVW, it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.
De waarmtekamera fynt de lytste pykjes
© Omrop Fryslan
Wybren is in echte fjildman. "As lyts bern wie ik altyd al it fjild yn te aaisykjen. It fjild dat lûkt, dy frijheid, dy lûden. De skries, de ljip, dat is dochs prachtich? En gelokkich, beiden fine we dat moai."

Geloksmomintsjes

"Justermoarn hiene we in pear jonge ljurkjes. Dat hie ik noch net earder sjoen, mar dy drone fynt se wol. Dat binne fan dy geloksmomintsjes!"
De fûgelstân giet wol achterút, dy kinne we net mei in app rêde.
Wybren Bruinsma sjocht in soad feroarings yn it fjild
De fûgelwachter docht al 50 jier oan neisoarch, mar sjocht dat der in protte feroare is.
"We hiene gjin telefoan mei apps. Naamst in briefke en in pinne mei it lân yn. De gegevens joechst troch en dan krigest letter in jieroersjoch."
"No ha we dat allegearre prachtich moai foarinoar, kinst it fuort yn de app sette, kinst it útlêze en fan alle wachten besjen. Mar de fûgelstân giet wol achterút, dy kinne we net mei in app rêde!"
De drone fljocht yn banen oer it lân
© Omrop Fryslan
De neisoarch mei help fan de faunadrone is in wolkomme ynnovaasje. It tal neisoargers fergrizet en rint tebek en mei de drone giet it folle effisjinter.
As Gini de koördinaten fan it stik lân ynfiert, leit it systeem der in raster oerhinne. Dat hiele parkoers fljocht de drone sekuer by del.

Net sykje mar lústerje

Mar it is wol oars. "De drone fljocht op 20 meter hichte. Sadree't er wat waarmte sjocht, dan zoomt er yn. Ik moat lústerje nei de piloat, ik mei eins net sykje", seit Wybren.
It fleanende apparaatsje fersteurt de greidefûgels net neffens him. "Sjochst noch wolris dat de strânljip wat lilke maneuvels makket nei de drone, mar de skries en de ljip jouwe der neat om, dy tinke dat er der gewoan by heart."
Op de app binne de nêsten en soarten dy't fûn binne registrearre
© Omrop Fryslan
It perseel by Baaium dat de neisoargers hjoed ôfrinne is ideaal foar greidefûgels. "Der wurdt letter meand, der is gjin jarre of keunstdong oerhinne kaam, it is krûderyk en der is in soad wetter. Dit binne de peareltsjes!"

Oäze yn de woestyn

De 'opbringst' is dan ek grut. De fjildman lit entûsjast in kaartsje op de telefoan sjen mei wat se allegearre yn it stik lân fûn ha. "De ljochtgiele stippen binne kluten, read is de skries, pears de tsjirk en swart de ljippen. Alles byelkoar wol 30 nêsten!"
"Dit perseel is in oäze yn de woestyn fan gers. Ik wurd der hartstikke bliid fan, werklik wier. Dit jout my de enerzjy om troch te gean!"
Sjoch hjir nei de reportaazje fan HEA! oer Gini Witteveen en Wybren Bruinsma:
Neisoarch fan greidefûgels mei in faunadrone

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.