Omrop Fryslân

Op hokker dei begjint de hjerst no echt?

Stadichoan tsjinje de hjerstdagen har wer oan
© Shutterstock.com (Wirestock Creators)
In soad ikels en kastanjes op 'e dyk, de earste lanlike stoarm fan it seizoen en op in soad plakken al mear rein as normaal. Mar op watfoar dei begjint de hjerst no echt?
Op 1 septimber is de meteorologyske hjerst al úteinset. Moandei 22 septimber set dan de astronomyske hjerst útein. Net op de 21e, sa as in soad minsken faak tinke.
Mar hoe sit dat eins?
Dat komt omdat it momint fan yngean fan de astronomyske hjerst ôfhinget fan de posysje fan de ierde foar de sinne oer.
In sinneharpe yn de Rysterbosk
© Marjan Sijbrandij
As dy sa stiet dat de dei oeral op ierde sawat like lang duorret as de nacht, dan set op it noardlik healrûn de astronomyske hjerst útein. En dat falt dit jier op 22 septimber en eins nea op 21 septimber.
Om hiel presys te wêzen, begjint de hjerst hjoed om 20.19 oere Nederlânske tiid.

22 of 23 septimber?

Mar set dan de astronomyske hjerst altyd útein op 22 september?
Nee, omdat in jier net eksakt 365 dagen duorret, mar 365 dagen en in bytsje, wol it ek wol sa útkomme dat dit momint op 23 septimber plakhat.
Sa sit der by guon jierren in dei ekstra of minder by.

Net earlik

Mar ast dus kwa waarsifers it iene jier mei it oare jier ferlykje wolst, om bygelyks fêst te stellen oft in seizoen te wiet of te waarm west is, of mei in soad sinneskynwaar ferrûn is, moatte je it mei deselde perioaden yn de jierren hjirfoar ferlykje kinne.
Mei dizze datums en ferskillen wurdt it lykwols net in earlike ferliking en dêr kinne wy yn de wittenskip dan neat mei.
Buien boppe de Waadeilannen
© Berend Pol
Yn de meteorology hawwe se dêr wat op fûn: yn de waarkunde rekkenje se al fan foar it jier 1930 mei meteorologyske seizoenen.
Seizoenen dy't altyd yngean op deselde datum en duorje oant deselde datum.
Op folchoarder fan maitiid oant en mei de winter sette sy útein op de earste fan maart, juny, septimber en desimber.
Sa duorje dizze seizoenen like lang en kinne de sifers wól earlik mei inoar ferlike wurde.

Wat sizze dizze sifers oer de hjerst?

Omdat de sinne dizze trije moannen hast seis oeren ynleveret komt de trochsneed temperatuer oant de ein fan novimber sa'n 10 graden leger út as yn de earste wike fan septimber.
Ek de boppeloft kuollet flink ôf en yn kombinaasje mei it relatyf waarme seewetter ûntstean der yn it kustgebiet de measte buien.
Hjirtroch falt der op Skylge yn trochsneed 270 milimeter reinwetter, wylst djipper de provinsje yn sa'n 215 milimeter normaal is.
Hjerstkleuren en sinne
© Pity Zwerver
Op drûge dagen is it dan wer sa dat de sinne him mei sa'n 360 oeren it faakst sjen lit op de Waadeilannen.

De échte hjerst

Foar de ien set de échte hjerst útein as it ek echt hjerstwaar is. Hurde wyn, rein en it fluch koarter wurden fan de dagen.
Foar de oar as de giele en reade blêden opljochte wurde troch de sinne, neidat de mist einliks oplutsen is.
Mist en hjerstkleuren
© Berend Pol
It waar hat gjin geheugen en ek gjin aginda.
Dus oft it waar him de kommende dagen wat oanlûkt fan al dizze datums, fynsto yn it aktuele waarberjocht.
Oft de hjerst him oan syn eigen skreaune skript hâldt, dat witte wy op de earste dei fan de meteorologyske winter: op 1 desimber dus.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.