Omrop Fryslân

It hûs ferwaarmje mei wetter út de feart: Fryslân is noch lang net safier

De Hegemer Mar
© Remco de Vries, Omrop Fryslân
"Wy wolle yn 2025 fiif draaiende projekten hawwe, dêr't oaren de keunst fan ôfsjen kinne. Net allinnich oare doarpen en stêden út Fryslân, mar ek fanút hiel Nederlân en Europa."
It binne de wurden fan doetiids deputearre Sietske Poepjes. Se hie it yn 2023 oer de plannen om yn 2030 60.000 hûzen en 10.000 bedriuwsgebouwen te ferwaarmjen mei waarmte út wetter. Dit jier moast op ferskate plakken te sjen wêze hoe't dat wurket.
Animaasje: wat hâldt akwatermy krekt yn?
Mar fan de hege ambysjes is noch net folle op de hispel kaam. Sterker noch: út it grutte foarbyldprojekt yn Heech waard de stekker lutsen.
Nei mear as tsien jier fan plannen meitsje wie de konklúzje dat de finansjele risiko's te grut wiene doe't de gemeente Súdwest-Fryslân net garant stean koe foar it plan.
It ropt de fraach op, is akwatermy wol in realistyske manier om rapper fan it gas ôf te kommen?

Provinsje leaut der yn

De provinsje tinkt noch altiten dat it kin. Neffens deputearre Sijbe Knol is it allinnich wachtsjen op in pear suksesfolle foarbylden: "We ha in pear suksesprojekten nedich en dan begjint it baltsje echt wol te roljen. De potinsje hjir yn Fryslan is en bliuwt hiel grut."
Deputearre Sijbe Knol
© Provinsje Fryslân
Mar de foarbyldprojekten dêr't Knol syn hope op fêstige hat, binne hast allegear noch yn tarieding. Boppedat binne de measten mar hiel lyts: fiif hûzen en in skoalle yn Baard, en in havengebou op Flylân.
In grutter projekt dêr't Knol it oer hat, is it waarmtenet dat yn de wyk Heechterp yn Ljouwert komme moat. Mar foar't dat folslein operasjoneel is, is it 2034.

Grutte projekten binne dreech

It binne foaral de plannen op grutte skaal dy't yn de praktyk swier kealje. Yn Heech gie it om hûnderten oanslutingen dy't it projekt rendabel meitsje moasten.
Warm Heeg giet net mear troch
© Omrop Fryslân
Dat wie ek de bedoeling mei de Oranjewyk yn Ljouwert en de wyk Het Eiland yn Snits. Yn beide stêden wie akwatermy de opsje dêr't de plannemakkers jierren lyn fan dreamden om de hûzen fan it gas ôf te krijen.

Jild is in probleem

Yntusken hat bliken dien dat it foaral in grut probleem is om genôch jild op it kleed te krijen. Der kamen wol miljoenen oan subsydzjes, mar dochs wie dat net genôch.
Wat akwatermy by sokke grutte projekten sa djoer makket, is dat der waarmtenetten foar oanlein wurde moatte. Dêr kinne dan wer hûzen op oansletten wurde.
Om dat rendabel te krijen, moatte genôch minsken meidwaan oan it waarmtenet. Wat it ek makliker makket is as wenningkorporaasjes deryn stappe, sadat der in garânsje is dat der genôch oanslutingen binne. Yn Heech slagge dat net.
De minsken fan Warm Heeg wolle har kennis diele mei oaren
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Yn Ljouwert en Snits binne se foarearst ôfstapt fan de plannen foar akwatermy. Yn Heech kinne se earst ek net fierder. De plannenmakkers sette no foaral yn op it dielen fan har kennis.

Tûkelteammen

Ek de lytsere projekten komme kwealik fan de grûn. Dat leit mei oan besteande regels en prosedueres. It hat dermei te krijen dat akwatermy yn Nederlân noch yn de berneskuon stiet: oerheden binne der noch net oan wend.
De minsken dy't de karre fan de Fryske projekten lûke binne yn dy sin allegear pioniers, dy't allerhande tûkelteammen tsjinkomme.
Yn Baard moat rekken hâlde wurde mei it beskerme doarpsgesicht
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Plannemakkers ha bygelyks te krijen mei beskerme doarps- of stedsgesichten dy't net fersteurd wurde meie. Of der binne dykjes dêr't liedingen ûndertroch moatte en dêr't fergunningen foar oanfrege wurde moatte.
Earne oars moat der in daamwand fersterke wurde, dêr't ek wer in fergunning foar komme moat. Prosessen dy't allegear lang duorje.

Bûten berik

Projekten dêr't al jierren oan wurke wurdt, kealje sadwaande swier. De fiif foarbyldprojekten dy't de provinsje dit jier draaiende ha woe, binne net fan de grûn kaam.
De grutte projekten binne op dit stuit hielendal bûten berik. Mar ek lytsere projekten , dy't wol in ein op streek binne, binne noch net rûn.
De basisskoalle fan Baard
© Omrop Fryslân
Sa slagge it ynwenners fan Baard net om har plan te realisearjen om fiif hûzen en de skoalle yn Baard te ferwaarmjen troch wetter út de feart. It finansjele risiko waard te grut.
De gemeente Ljouwert naam it projekt dêrom oer. Ferskate fergunningsoanfragen rinnen noch, en der binne offertes oanfrege foar de oanlis fan in lyts liedingenetwurk.

Flylân

De gemeente Flylân luts him ein ferline jier werom út it projekt om it havengebou te ferwaarmjen mei enerzjy út seewetter. Nettsjinsteande in grut bedrach oan subsydzje seach de gemeenteried tefolle finansjele risiko's.
It bestjoer fan de Stichting Aanloophaven Vlieland naam it wurk oer. Yntusken binne de fergunnings rûn en de technyske tekeningen klear. De inisjatyfnimmers hoopje dat de ynstallaasje yn de simmer fan takom jier draaie kin.

It doarpshûs fan Tsjerkwerd

In plan dat it meast helber like om dit jier noch te draaien, rêdt it ek net op: in lyts groepke ynwenners fan Tsjerkwert wol harren doarpshûs ferwaarmje fia wetter út de Warkumer Trekfeart dêr't it gebou oan leit.
It doarpshûs yn Tsjerkwert
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
De hoop is dat de ynstallaasje kommende simmer it wetter yn kin. As it systeem nei tefredenheid wurket, wolle se der dan yn de takomst ek noch njoggen wenningen mei ferwaarmje.

Leare fan elkoar

De provinsje hopet dat dit soarte lytse inisjativen in driuwtsjileffekt ha kin. Dat projekten op it mêd fan akwatermy fan elkoar leare kinne en sa hieltyd rapper oergean kinne ta de oanlis.
Dat sil ek moatte, want mei fiif huzen hjir en in doarpshûs dêr komst noch lang net oan de ambysje fan 60.000 hûzen en 10.000 bedriuwsgebouwen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.