TenneT: Reparaasje heechspanningsmêst Frjentsjer duorret noch moannen
It wurk oan de skansearre heechspanningsmêst by Frjentsjer sille noch moannen duorje. Dat lit netbehearder TenneT witte.
Neffens in wurdfierder fan it enerzjybedriuw binne de ôfrûne dagen de mêsten en linen op it plak fan it ûngelok ynspektearre. "Ien mêst wurdt foar in grut part ferfongen en by in oantal mêsten sille reparaasjes útfierd wurde moatte. Ek sille de linen ferfongen wurde."
"Tsjin de ein fan dizze wike of begjin nije wike begjinne we mei it fuortheljen fan de linen en it ûntmanteljen fan de skansearre mêst."
Stroomsteuring Ljouwert
Ferline wike moandeitemiddei om 14.30 oere fear in skip mei in kraan tsjin in heechspanningsmêst by Kystersyl oan. Ien kabel gie stikken, in oare waard swier skansearre.
As gefolch siet in grut part fan Ljouwert en guon omlizzende doarpen oeren sûnder stroom.