Omrop Fryslân

Grutte opknapbeurt foar ûnberikbere mûne by Twellingea

De mûne krijt in opknapbeurt
© Omrop Fryslân, Daniël Kooistra
De Geaupoldermole by Twellingea wurdt opknapt. De lokaasje fan dizze mûne is bysûnder. It is miskien wol de mûne dy't it meast efterôf leit yn ús provinsje.
Wat de lokaasje unyk makket, is dat it plak allinnich mei in pontsje te berikken is. Fan Twellingea ôf moatst nei de oare kant, wêrnei'tst noch in flink stik troch de greide ride moatst.
Grutte opknapbeurt foar ûnberikbere mûne by Twellingea
It hie dan ek aardich wat fuotten yn 'e ierde om de nedige apparatuer, lykas in frachtwein en in kraan, op it plak fan de mûne middenyn de greiden by Twellingea te krijen.
"It kraantsje stie op in grutte frachtauto, mar dat kin fanwegen it gewicht net yn ien kear op it ponton", seit oannimmer Hugo Landman.
Om by de mûne te kommen, moatst mei in pontsje it wetter oer
© Omrop Fryslân
Earst moast it kraantsje oer it wetter en dêrnei koe de frachtwein oer. "Doe die bliken dat de frachtauto te swier wie en ha we noch in lichtere frachtauto hierd, dy't der krekt op kin", seit Landman.
Ien kear oan de oare kant fan it wetter moast it kraantsje wer op de frachtwein, wêrnei't it noch in stik troch de greiden rjochting de mûne riden wurde moast.
"Sa binne je de hiele dei wat mei it guod oan it slepen om hjir te kommen."
Hugo Landman, oannimmer fan dit projekt
© Omrop Fryslân
In tal ûnderdielen fan de kop fan de mûne binne oan ferfanging ta. Om derby te kinnen, moasten de boppe-as en de wjukken tydlik ferwidere wurde. Ek is de nije fizel yn de fizelbak pleatst.

Ferrotte balken

Woansdeitemoarn waard earst it kapke fan de mûne ôfhelle. "Doe hawwe wy it hiele 'gevlucht' (de wjukken, red.) yn ien kear derút tild", seit Landman.
Sadwaande is der romte om de daklisten en wynpeulen (de dwersbalken yn de kape fan de mûne) fuort te heljen en te fernijen. "Die wiene hielendal ferrotte."
Dit ûnderdiel is oan ferfanging ta
© Omrop Fryslân
Nij is dit projekt net foar Landman. "Ik sit al mear as tritich jier in it fak, we hawwe al safolle gekke dingen meimakke." Neffens de oannimmer is it moaie fan mûnewurk it ambachtlike timmerwurk.
As foarbyld neamt er de nije fizel. Dat is de skroef dy't it wetter fan heech nei leech bringt. "Dat is spesjalistysk wurk. It moat krekt as by in horloazje goed wurkje."

Landman hopet de put yn ien dei klear te ha, mar mooglik struit it minne waar sân yn 'e motor.
De fizel fan de mûne
© Omrop Fryslân, Pelle Numan
De mûne (boujier 1832) is eigendom fan stichting De Fryske Mole. Bestjoerslid Kees Munting sprekt fan in bysûnder projekt, foaral fanwegen de onberikbere lokaasje.
Omdat de mûne in Ryksmonumint is, hat de stichting de plicht om de mûne te ûnderhâlden. "Ook al staat hij afgelegen, we blijven hem onderhouden."
Kees Munting fan stichting De Fryske Mole
© Omrop Fryslân
Eartiids hie de mûne as doel om de polder drûch te meallen. Hjoed-de-dei spilet de mûne gjin rol mear yn it wetterbehear.
It 'gevlucht', ek wol de wjukken, wurdt derôf helle.
© Omrop Fryslân
In oar unyk feit is dat de mûne yn 'e winter net wurket, omdat de polder dan ûnder wetter stiet. Yn it foarjier moat it gebiet mei help fan de mûne wer drûch wurde foar de fûgels.
"Dit is een echt vogelweidegebied, dus dan moet het gebied wel plasdras zijn."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.