Omrop Fryslân

Unike Fryske mûne-oplieding 50 jier: "Kinst folle mear leare"

De Phenix, Marrum
© Omrop Fryslân
Nederlân soe in stik lytser wêze as we eartiids net sa goed wiene yn it bouwen en behearen fan mûnen. Tsjintwurdich binne der noch mar in hantsje fol beropsmûnders en wurdt it betsjinjen fan de mûnen al mear as fyftich jier oerlitten oan frijwilligers dy't dêrfoar in twajierrige oplieding folgje.
Nei it eksamen meist mei in diploma as mûnder draaie en hast meastal ek in "eigen" mûne. Fertelt foarsitter fan It Gild Fryske Mounders Klaas Toxopeus.
Klaas Toxopeus
© Omrop Fryslân
Syn leafde foar mûnen hat er al sûnt de bernetiid. Hy is opgroeid op in Grinzer pleats en dêr hong op it húske altyd in plaatsje fan de Barnheemstermûne.
Hy boarte faak by dizze mûne dy't flak by syn âldershûs stie. No is er foarsitter fan de Fryske en moaiste mûne-oplieding fan Nederlân, sa fynt er sels.
Sjoch hjir de FryslânDOK 'Wyn, wetter en kreakjend hout':
De Fryske ferzje fan de oplieding is unyk yn Nederlân: it is folle lytsskaliger en biedt in yntinsivere belutsenheid. Hoewol't it tal dielnimmers tsien kear lytser is, is de belutsenheid tsien kear grutter, fertelt Toxopeus.
"Dan kinst folle mear leare. As Grinslanner is it dreech om te sizzen: mar dan bin ik foar de frije Friezen dy't lekker har eigen gong geane."
Geaupoldermûne, Toppenhuzen
© Omrop Fryslân
It Gild Fryske Mounders is ít opliedingsynstitút foar frijwillige mûnders yn Fryslân. It waard fyftich jier lyn oprjochte, op 23 maaie 1975 op De Jouwer, as oanfolling op it lanlike gilde fan frijwillige mûnders.
Twa jier earder wie der al in lanlike oplieding begûn, mar de Friezen besleaten in eigen koers te farren út ûnfrede oer de lanlike oanpak.

Misliedende fragen

Yn it ferline waard it eksamen ôfnaam troch de stichting Hollandsche Molen, troch âldere manlju mei in titel dy't net woene dat elkenien samar mûnder wurde koe.
Fryske kandidaten stroffelen faak oer misliedende strikfragen, dat late ta hege útfal; somtiden slagge wol in kwart fan de kandidaten net. Dat late ta frustraasje by de Fryske learmasters, dy't better wisten wat har kandidaten koene.
Tjasker, It Heidenskip
© Omrop Fryslân
Tsjintwurdich binne der yn Fryslân tolve learmasters mei elk ek in eigen 'lesmûne' foar it oplieden fan nije mûnders. Der binne kontinu sa'n tritich minsken yn oplieding en jierliks wurde der tusken de fiif en tsien eksamens ôfnaam.

Jongerein de kâns jaan

Yn Fryslân steane likernôch 140 mûnen, It Gild Fryske Mounders telt 270 leden wêrfan't 200 diplomearre binne. Elke mûne hat wol in fêste mûnder.
Klaas is tige wiis mei jonge kandidaten foar syn oplieding, om't jongerein ek mear kâns meitsje om learmaster te wurden foar in langere perioade. Idealiter wolst net dat ien fan sechstich pas op syn santichste learmaster wurdt.
Sjoerd de Groot en Marco Kraal
© Omrop Fryslân
Marco Kraal, tweintiger, troude ferline jier by de mûne fan Hantum. Hy hopet nei it heljen fan syn eksamen dêr ek mûnder te wurden, njonken syn fêste baan by de gemeente.

Jonge mûnders op de foet folge

Sjoerd de Groot is fjirtiger en ûnderwizer en is in protte dwaande mei de skiednis fan syn doarp. Syn heit is mûnder op de mûne fan Marrum en wie ek mûne-restaurateur.
Marco en Sjoerd besleaten twa jier lyn beide de oplieding ta mûnder te begjinnen en FryslânDOK folge harren by de oplieding troch Fryslân oant 'e mei de eksamens.

FryslânDOK

De FryslânDOK 'Wyn, wetter en kreakjend hout' wurdt sneon om 15.30 oere op NPO 2 útstjoerd, snein fan 17.00 oere ôf is de dokumintêre alle oeren op Omrop Fryslân te sjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.