Dit moatst witte oer de 172e PC yn Frjentsjer (en it feest dernei)
Noch trije dagen en dan is it de fiifde woansdei fan july. In gewoane simmerwoansdei foar de ien, mar foar keatsleafhawwers in dei dy't eins net iens mear omsirkele hoecht te wurden yn de aginda: de PC-dei.
Yn dit artikel fynst alles oer watst witte moatst oer de 172e PC op 30 july.
Tribune, bank of stean
Wolst derhinne, mar hast noch gjin kaarten? Dan kinst allinnich noch in fjildkaart krije. Dat bestjut datst by it fjild stean moatst. De sitplakken wienen al binnen in healoere útferkocht.
In fjildkaart kinst noch krije op de PC-dei oan de kassa's of ast al earder wis wêze wolst yn it Keatsmuseum yn Frjentsjer.
Organisaasje: print dyn kaartsje
Ast al yn it besit bist fan in kaartsje, dan is it neffens de PC-organisaasje handich om dyn ticket te printsjen. Scanne fan de mobile telefoan ôf kin ek, mar je sille mar krekt sjen dat je it mailtsje dan net mear fine kinne.
Dan hawwe je in probleem, want de minsken fan de kaartferkeap binne op de wedstriiddei net mear te besetten fia de mail.
Dizze 16 partoeren dogge mei
1. Youri de Groot, Hendrik Jan van der Velde, Jan Bandstra
2. Corné Tuinenga, Yoram Elzinga, Klaas Pier Folkertsma
2. Corné Tuinenga, Yoram Elzinga, Klaas Pier Folkertsma
3. Paul Dijkstra, René de Haan, Riemer Hoekstra
4. Jorrit Nanninga, Mark Minnesma, Willem Heeringa
4. Jorrit Nanninga, Mark Minnesma, Willem Heeringa
5. Jelle Attema, Kees van der Schoot, Pieter van der Schoot
6. Menno van Zwieten, Rick Minnesma, Tjisse Steenstra
6. Menno van Zwieten, Rick Minnesma, Tjisse Steenstra
7. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra, Erwin Zijlstra
8. Remmelt Bouma, Gerben de Boer, Jan-Tymen Eisma
8. Remmelt Bouma, Gerben de Boer, Jan-Tymen Eisma
9. Brent-Jesse van Beem, Jelvin Kaper, Jelmer Foppe Drijfhout
10. Harmen Zuidema, Otte Algra, Dirk-Henk Kuipers
10. Harmen Zuidema, Otte Algra, Dirk-Henk Kuipers
11. Steven Koster, Jorn-Lars van Beem, Patrick Scheepstra
12. Marten Bergsma, Hessel Postma, Pieter Jan Leijenaar
12. Marten Bergsma, Hessel Postma, Pieter Jan Leijenaar
13. Auke Boomsma, Marten Leijenaar, Jelmer Miedema
14. Peter van Zuiden, Allard Hoekstra, Kevin Jordi Hiemstra
14. Peter van Zuiden, Allard Hoekstra, Kevin Jordi Hiemstra
15. André van Dellen, Thomas Dijkstra, Laas Pieter van Straten
16. Johan Sipma, Gabe Jan van Popta, Hendrik Kootstra
16. Johan Sipma, Gabe Jan van Popta, Hendrik Kootstra
Neat sa feroarlik as it waar, mar it liket derop dat de PC-dei net hielendal drûch ferrinne sil. Ast yn alle gefallen drûch bliuwe wolst, dan is it handich om in ponsjo mei te nimmen. Paraplu's binne op it terrein net tastien, omdat de minsken efter dy dan net mear safolle sjen kinne.
Mei de auto of de fyts?
Ast yn de buert wennest, dan kinst nei de PC it bêste rinnende of op de fyts komme. Mar tink derom, want de gemeente Waadhoeke wol gjin fytsen tsjin Het Westerbolwerk, tsjin de gevel fan de Poiesz en op de brêge nei de Ypeysingel ta. Dit is om foldwaande romte te hâlden foar de helptsjinsten.
By basisskoalle De Steven oan it Noorderbolwerk wurdt in bewekke fytsestalling makke.
As je mei de auto komme, dan binne der ferkearsregelers dy't dy nei in parkearplak helpe.
Of mei it iepenbier ferfier?
It iepenbier ferfier is ek in goeie wize om nei it Sjûkelân te kommen. It stasjon fan Frjentsjer leit op 17 minuten rinnen fan it hillige gers fan it Sjûkelân.
Mar Qbuzz hat ek fjouwer spesjale buslinen dy't dy nei it Sjûkelân ta bringe kinne. De buslinen begjinne en einigje yn Koarnjum, Akkrum, Warten en Holwert. Op dy rûten kinst ûnderweis ek noch yn minimaal sân plakken per line ynstappe.
In busticket kostet retour maksimaal 11,10 euro, ôfhinklik fan wêr't je opstappe.
Twa dagen feest
As de de nije kening (of opnij Tjisse Steenstra) kroand is, dan barst it feest los om it Sjûkelân hinne. Ast dêr net op wachtsje kinst, dan is der ek noch de pre-PC op de jûn derfoar.
Beide feesten begjinne om 20.00 oere. Der binne fjouwer plakken dêr't je genietsje kinne fan muzyk: de Voorstraat, De Doelen, de Bogt fen Guné en it 'Vroeger was alles beter café'.
Der is muzyk fan ûnder mear de Kroegtijgers, Butterfly, Yme and the Farmbreakers, Barcode, en Gerrit Poortinga. It feest duorret oant 01.00 oere.
Gjin staasjejildbekers, wol betelje foar it húske
Yn tsjinstelling ta ferline jier wurdt op it eveneminteterrein dit jier gjin gebrûk makke fan staasjejildbekers. De organisaasje ropt lykwols wol op om de bekers wer yn te leverjen as je in nije bestelling dogge. Sa wolle se foarkomme dat der te folle plestik op strjitte komt.
Hast dit jier trouwens mear tiid om te iten of te drinken, want yn de rige foar de muntsjesautomaat is der dit jier net by. Kinst nammentlik gewoan pinne by de bar. Ast leaver kontant betelje wolst, dan kinst in spesjaal paske helje en dêr jild op sette litte.
Dêrnei moatst sûnder mis in kear nei it húske. Dat is ûnder de wedstriid fergees. Dêrnei is it 0,50 euro de kear of 2,50 euro foar de hiele jûn.
Hoe kin ik de PC folgje?
Kinst der no net by wêze? Dan hoechst fan de PC-dei neat te missen! Omrop Fryslân is der fan de earste slach ôf live by op de radio. De wedstriid begjint om 09.30 oere.
Om 14.00 oere is de wichtichste keatswedstriid fan de wrâld ek op telefyzje en mei in livestream op ús webside en app te besjen.
En ast efkes gau in update wolst? Dan kinst de hiele dei terjochte yn it liveblog fan de Omrop.