Twa thrillers, twa kear alles oan 'e hang en op milimeters nei de PC
It skeelde milimeters. De lêste opslach fan Jelle Attema gong yn, wêrtroch't net it partoer fan Lennard Feenstra, mar dat fan Attema nei de PC giet.
Rûzje, emoasjes en in comeback: alles siet deryn op de keats-off foar de PC. Fjouwer partoeren striden yn Frjentsjer om it lêste ticket foar de belangrykste partij fan it jier.
Uteinlik wiene Jelle Attema, Kees van der Schoot en Pieter van der Schoot de bêsten. Of de gelokkichsten. Yn in tige spannende finale wûnen se fan Lennard Feenstra, Frits Hoekstra en Brent Timmerman.
Spannende finale mei krúsjale beslissing
It partoer fan Attema komt yn de finale al gau op 3-1, mar Feenstra komt werom oant 3-3. Dêrnei rint Attema wer út nei 5-3 en 6-6.
Op dy stân is it de fraach oft Timmerman by it retoernearjen de bal fêsthold. Skiedsrjochter Johnny Bergsma jout oan dat dat net sa is en it earst giet nei partoer Feenstra: 5-4.
Pieter van der Schoot wie der wis fan. "Hy hâldt de bal gewoan fêst. De karmaster woe wat sizze, mar dy kaam net fan syn stoel ôf. Dan nimt de skiedsrjochter sels dy beslissing. Dat fyn ik spitich."
Neffens Timmerman hie de skiedsrjochter gelyk. "In mijn beleving sloeg ik hem echt met mijn linkerhand en hield ik 'm niet beet."
Pieter van der Schoot is bliid mei it winnen fan de keats-off
It wurdt 5-4 en op 6-0 pakt it partoer Feenstra wer it earst. Sa wurdt it 5-5. Feenstra en dy kamen sels op 6-0 en krije sa fjouwer matchpoints.
Pieter van der Schoot makke him wol wat soargen. "Sy wiene doe wol sterk, dus we moasten wol."
Se komme werom en soargje derfoar dat it 5-5, 6-6 wurdt.
Fjouwer matchpoints fuortwurke
Op alles oan 'e hang slacht Attema op. Hy krijt de bal krekt yn, oan de goeie kant fan de line. Mar it skeelt milimeters.
Timmerman stie yn it perk. "Ik zag 'm naar buiten draaien. Dus ik liet 'm gaan."
Van der Schoot twivele ek: "Ik tocht earst: hy giet bûten. Mar doe hearde ik Kees roppen: hy sit deryn, hy sit deryn. Ja, jonge, dan tinkst: hoe is 't mooglik, we helje it ek noch."
Timmerman: "Tja, dan zie je dat-ie net een paar millimeters binnen valt. Zuur."
Brent Timmerman is dochs grutsk dat er sa fier kaam is
Yn 'e earste omloop wûn it partoer fan Jelle Attema ek al mei 5-5, 6-6. Doe wûnen se fan Johannes van der Veen, Sjoerd de Jong en Stefan van der Meer. Attema-en dy kamen mei 2-0 foar, mar Van der Veen pakte trije earsten op rige.
It waard 5-5 en it partoer fan Van der Veen krige twa wedstriidpunten. Earst wie it Pieter en dêrnei Kees van der Schoot dy't boppe sloech. Op 5-5 en 6-6 sloech Van der Veen de bal kwea.
Krekt net alles oan 'e hang
Ek yn de oare wedstriid wie it spannend. It partoer fan Johan Diertens, Jelle Cnossen en Jari Visser kaam mei 3-0 foar tsjin it partoer fan Lennard Feenstra, mar it waard 3-3. Ek hjir waard it 5-5, mar krekt gjin 6-6. Op 6-4 pakte it partoer fan Feenstra de winst.
Winners keats-off net bepaald suksesfol
Noch noait kaam in winner fan de keats-off fierder as de twadde omloop. Sterker noch, mar ien kear slagge in partoer deryn de twadde omloop te heljen.
De keats-off wurdt organisearre sûnt 2012. Allinnich yn 2013 wisten Pieter Bakker, Jacob Klaas Haitsma en Patrick Scheepstra in omloop te winnen op de PC.
Moandei 28 july is de lotting. De PC is woansdei 30 july.