Marrit Zeinstra kiest foar freondinnen mei de PC: "Ik gun it harren it measte"
Marrit Zeinstra makket har rentree op de Frouljus PC. Dat docht se lykwols net mei Louise Krol en Sjanet Wijnia, mei wa't se de ôfrûne wiken wol keatste.
Yn stee dêrfan docht Zeinstra mei yn it partoer fan Iris Veltman en Jennie Terpstra. Dy twa sochten in ferfanger nei't Corrie Kroondijk fuortfallen wie mei in swiere blessuere.
De ôfrûne pear wiken keatste Zeinstra as ferfanger fan de ek blessearre Gerde Lycklama à Nijeholt yn it partoer fan Krol en Wijnia.
Dy twa woenen de Frouljus PC op 20 augustus ek mei Zeinstra keatse, mar dy koe dêr ôfrûne wykein noch gjin dúdlikheid oer jaan. Kommende snein, nei de partij yn Arum, soe se de knoop trochhakje.
Ofspraak mei fuotbalmaten: "We steane foar jim klear"
Yn de tuskentiid kamen ek Veltman en Terpstra by Zeinstra mei de fraach oft se beskikber wie foar de PC, as ferfanger fan Kroodijk. Fan dy lêste waard nammentlik ferline wike definityf bekend dat se de PC misse soe.
"Iris (Veltman, red.) is in freondinne fan my", fertelt Zeinstra. "Ik sit mei har yn in fuotbalploech, lykas mei Ilse Tuinenga, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi. Ferline jier al ha we de ôfspraak makke: as der in kear wat gebeurt yn jim partoer, dan wolle we jim helpe."
En dat is no it gefal. Dat it foar in part fan de keatswrâld as in grutte ferrassing komt, baalt Zeinstra fan. "Miskien hie ik efterôf better sneon yn Makkum al wat sizze kind tsjin Louise en Sjanet, mar ik bin gjinien wat ferskuldige."
Boppedat hie se ôfrûne sneon noch net mei Iris en Jennie praat. "Dat kaam letter pas. En doe ha ik tsjin Iris sein dat ik klearstean foar har, want dat hiene we ôfpraat."
Ik gun it dy oare froulju mear.
En der spilet mear: Zeinstra gunt it har fuotbalfreondinnen gewoan mear. "Ik wit, as ik mei Louise en Sjanet keats, dat we in hiel grutte kâns ha om de PC te winnen."
Dan wurdt de kâns foar dy oaren fuortendalik in stik lytser. "En ik fyn it net leuk om dan tsjin Iris, Lisanne of Senne te keatsen."
"Louise, Sjanet en ik ha de PC allegear al in pear kear wûn. Ik gun it dy oare froulju mear."
Fan Lowlands nei de PC
It alderleafst hie Zeinstra de PC hielendal net keatst. Twa jier lyn naam se nei in geweldich seizoen ôfskied fan it topkeatsen, om mear frije tiid te hawwen yn de simmer.
"Dit jier komt de PC ek hielendal net goed út, want dan kom ik krekt werom fan Lowlands. Om my hie it net hoegd."
Kommende snein sil Zeinstra yn prinsipe noch wol yn Arum keatse mei Krol en Wijnja. "Foaral de bûtenwrâld fynt it frjemd, ik net. Ik hoopje dat se noch altyd bliid binne dat ik se dizze trije wedstriden út de brân helpe wol."
'Gesellich'
PC-keninginne Louise Krol giet der ek fan út dat Zeinstra snein mei harren keatst. Fan fersteurde ferhâldingen is foar har gefoel gjin sprake: "Wy keatse gewoan gesellich mei-elkoar, dat hawwe wy de oare wedstriden ek dien."
Foar de PC sille Krol en Wijnia in berop dwaan op Martzen Deinum. Sy hâlde yn 2021 op yn de haadklasse.
"Fansels hiene wy leaver mei Gerde keatst, dan hiene wy mei syn trijen ús PC-titel ferdigenje kind. Mar ik tink dat wy noch hieltyd net kânsleas binne. It wurdt in hiele iepen PC."