Reparaasje brêge Ritsumasyl duorret noch wiken
De reparaasje fan de brêge by Ritsumasyl duorret nei ferwachting noch twa wiken. Dat meldt de provinsje.
Op sneon 12 july rekke de brêge oer it Van Harinxmakanaal stikken. De brêge is doe iepenset, sa't skippen der noch wol del kinne.
Dy needmaatregel makket wol dat fytsers en kuierders noch hieltyd gjin gebrûk meitsje kinne fan de brêge. Sy moatte om fia in akwadukt.
Provinsje Fryslân lit witte dat it defekt bekend is en dat der noch hieltyd wurke wurdt oan in oplossing. Mar nei alle gedachten duorret dat dus noch wiken.