Fytsers kinne noch altyd net oer brêge Ritsumasyl
Fytsers kinne noch hieltyd net oer de brêge oer it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl.
Nei't de brêge sneon stikken rekke, waard de brêge iepenset. Sa koenen de sylskippen der noch del. It betsjut lykwols dat fytsers omride moatte oer in akwadukt yn de buert.
De provinsje meldt dat der noch hieltyd hurd wurke wurdt oan in oplossing.