Omrop Fryslân

Jokterûp yn Fryslân noch gjin grut probleem, mar situaasje yn it suden betsjut net folle goeds

De rûpen wurde fuorthelle mei in soarte fan stofsûger
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It giet yn it noarden lang sa mâl noch net mei de ikeprosesjerûp as yn it suden fan Nederlân. Dat seit oannimmer Roel Timmerman, dy't yn it hiele noarden aktyf is mei de bestriding fan de rûp.
Dat betsjut net dat der hielendal neat te dwaan is: op moandei wurket in team fan twa manlju mei in heechwurker by Oerterp om dêr de nêsten fuort te heljen, want de hierkes fan de rûp kinne foar jokte soargje of noch slimmere klachten.
In man yn in wit pak hat in masker op mei in luchtsysteem en filter. Hy brûkt in soarte fan stofsûger om de rûpen op te sûgjen.

Ieltsjes

Yn de maitiid binne in soad rûpen al behannele mei saneamde 'ieltsjes'; dy frette de rûpen op foardat sy in probleem wurde.
"Wij hebben een heleboel bomen bespoten met de aaltjes, maar we spuiten lang niet alles", seit Timmerman. "In wat overblijft, bekijken we of er nog wat eikenprocessierupsen zitten. Die ruimen we nu."
Mar in hiel soad fine se net. "Ik krijg nu berichten dat er het in het zuiden heel veel eikenprocessierupsen zitten. En dat het de kop weer opsteekt. Maar hier in het noorden valt het eigenlijk nog wel een beetje mee. In heel Noord-Nederland is de plaagdruk gemiddeld."

De pineut

Neffens dizze bestrider soe dat komme kinne trochdat de soart hjir wat letter aktyf wurden is. De syklus fan minne en goede jierren leit hjir dêrtroch wat oars.
Dat betsjut fansels wol dat wy, letter as yn it suden, aanst dochs de pineut binne. "Net zoals in 2018 of 2019. Toen zaten hier in Noord-Nederland. ook machtig veel eikenprocessierupsen", sa fertelt Timmerman.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.