Omrop Fryslân

Ikeprosesjerûp hieltyd noardliker: "Net in skoft ûnder in beam stean"

Tink om de rûp!
© Ben de Jager, RTV NOF
De ikeprosesjerûp lit him op ferskate plakken wer sjen. Bygelyks yn Damwâld, dêr hingje al in skoft linten om beammen by it Fermanjepaad del. Yn De Westereen jildt itselde foar de Miedloane.
"Wy binne dwaande mei it reguliere ûnderhâld oan de beammen, at de oannimmer de rûp tsjinkomt, wurdt der fuortendaliks in lintsje omhinne hongen", seit wethâlder Kees Wielstra fan de gemeente Dantumadiel.
Ynkoarten sil in spesjalisearre bedriuw delkomme om de nêsten en rûpen fuort te heljen. "Dat kin noch in oantal wike duorje, minsken hoege net benaud te wêzen, mar gean net in skoft ûnder de beam stean", warskôget de wethâlder.
"De rûpen sjitte in soarte fan brânhierkes ôf, dy't bot irritearje kinne." Ek foar hûsbisten kinne de hierkes gefaarlik wêze.
Kenniscentrum Eikenprocessierups warskôget dat de rûp yn it noarden fan Nederlân mear oerlêst feroarsaakje kinne soe as yn it suden. Earder wie de rûp meastentiids aktyf yn it suden, mar sûnt in pear jier is it bist hieltyd noardliker te finen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.