Organisaasje bot teloarsteld oer skrassen Mar-athon Snits: "Utgûle en opnij begjinne"
Hurdrinevenemint de Mar-athon fan Snits giet sneon net troch. Fanwegen de ferwachte hege temperatueren makke de medyske tsjinst him soargen oer de feiligens fan dielnimmers. De organisaasje besleat dêrom it evenemint folslein te skrassen.
Dienst Medische Hulpverlening (DMH) leveret it medysk personeel by (sport-)eveneminten. Sy soene benaud wêze foar oerbelêsting fan de 'medyske keten' by Mar-athon Snits. Earder dit jier by LOOP Leeuwarden ferstoar in dielnimmer en rekken de medyske posten oerbelêste. Ek doe wie it waarm.
De medyske tsjinst seit de organisaasje noch alternativen foarlein te hawwen, lykas it betider úteinsetten fan it evenemint, it opskalen fan helpferlieners of it ferlizzen fan de rûte. Dêr seach de organisaasje lykwols gjin heil yn.
"Kapot fan"
Dêrmei gean sawol de kuiertocht as it draven net troch. Mar-athon wurdt net ferpleatst, mar nei takom jier tild. "Mar-athon Snits draait om de langste sneon fan it jier. Dat is ûnferbreklik mei inoar ferbûn", seit Yke Wijbenga fan de organisaasje.
De organisaasje baalt fan it beslút. It is no "útgûle en opnij begjinne", seit Wijbenga. "Je binne der gewoan kapot fan. Je hawwe der mear as in jier oan wurke. En dan binne je de hielendal klear foar, dan is it ûntsettend soer dat it op dizze wize einiget."
Oer it eventueel werombeteljen fan ynskriuwjild kin de organisaasje noch neat sizze. Der binne al in protte kosten makke en der sil earst ynventarisearre wurde moatte hoe't de organisaasje derfoar stiet.
Oer foarrang by in ynskriuwing foar in folgjende edysje kin de organisaasje ek noch neat kwyt.
"Op dit stuit binne wy echt drok dwaande om elkenien ôf te sizzen en alles te ynventarisearjen. De measte kosten binne fansels al makke, dus wy moatte gewoan sjen hoe't wy útkomme en dan dogge wy de dielnimmers dêr berjocht fan", seit Wijbenga.