Omrop Fryslân

"Fryslân ferliest mei Lourens van der Leij ien fan syn grutste ûnderwiispioniers"

Lourens van der Leij
© Eigen foto famylje
"Mei it ferstjerren fan Lourens van de Leij ferliest Fryslân ien fan syn grutste ûnderwiispioniers." Dat seit freon en âld-kollega Koen Eekma yn Buro de Vries, dêr't Lourens van der Leij, dy't faak Loury neamd waard, betocht wurdt.
Van der Leij ferstoar ferline wike op 90-jierrige leeftiid yn syn wenplak It Hearrenfean.

Kursussen op skoalle

Yn de 70'er jierren kaam de ûnderwiisfernijing yn in streamfersnelling. Wrâldoriïntaasje, nije lêsfoarmen, rûntepetearen en al dy saken kamen net allinnich op de skoallen ôf, mar ek op de âlders.
Loury joech kursussen oan it ûnderwizend personiel op de skoallen, mar naam ek de âlders mei yn dat ferhaal.
Dat die hy troch der op âlderjûnen oer te fertellen, mar ek troch in wykliks radiopraatsje by Radio Fryslân. Tusken de middei wist hy dan op in tagonklike en oansteklike wize ûntwikkelings yn it ûnderwiis by de minsken thús te bringen.
Sa as hy wiene se der net in soad.
Koen Eekma oer Lourens van der Leij
Van der Leij liet him doe kenne as in echte ûnderwiis-ambassadeur.

Karriêre

Van der Leij begûn as skoalmaster, waard letter direkteur fan de Kweekskoalle (Pedagogische Academie) en ferfolgens direkteur fan skoalbegeliedingstsjinst GCO, yn geef Frysk it MSU: it Mienskiplk Sintrum foar Underwiisbegelieding.
Yn dy lêste funksje makke hy him net allinnich hurd foar de neamde ûnderwiisfernijing, mar ek foar de lytse skoallen op it Fryske plattelân.
"Lourens wie oant it lêst ta skerp yn tinken, ek doe't er fysyk minder waard", fertelt Eekma, dy't him noch geregeld opsocht.
"Hy bleau in belutsen nestor fan it ûnderwiis yn Fryslân, al wie er al jierren út it wurk. Sa as hy wiene se der net in soad."

Leaver harkje?

Van der Leij wurdt betocht yn de rubryk Ut it Libben by ús radioprogramma Buro de Vries.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere. De rubryk is ek as podcast te finen op de bekende platfoarms.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.