Omrop Fryslân

Ljouwert en it Sinneliet: hoe't in gebed fan 800 jier âld noch altyd ynspirearret

In flyer oer 800 jier Sinneliet
© Omrop Fryslân, René Koster
It Sinneliet stiet yn Ljouwert in moanne lang yn it sintsje, fan Pinkster ôf. It giet om de Cantico del Frate Sole, in gebed út de Roomske tradysje.
It lofliet is skreaun troch de hillige Fransiskus fan Assisi, oan de ein fan syn libben. Nei alle gedachten yn de maitiid fan 1225, dus eksakt 800 jier lyn.
Dat gebed ynspirearret minsken noch altyd, sa docht ek yn Ljouwert bliken.
De Sint Fitusparochy grypt dit feit oan foar in grutte útstalling en tal fan aktiviteiten.
Peter Vermaat
© Omrop Fryslân, René Koster
Sprekker, dichter en akteur Peter Vermaat fan Slappeterp is by in grut tal fan dy aktiviteiten belutsen.
Vermaat krûpte earder yn in foarstelling alris yn de hûd fan Fransiskus. Hy fersoarget yn dizze betinkingsperioade tal fan lêzingen en fieringen.
Ek folgje der yn dit ramt noch in dûnsfoarstelling, in konsert, in stêdskuier, lêzingen en meardere besinningsgearkomsten.

Fransiskus en it Sinneliet

Fransiskus fan Assisi (sa. 1181-1226) wie in midsiuwske hillige út Italië. Hy wie ek de stichter fan de oarder fan de Fransiskanen, bekend om de radikale leafde foar God, de skepping en earmoed, en syn ynset foar frede en neisteleafde.
It Sinneliet is ien fan syn meast bekende gebedens, wêryn't er God priizget troch fan alle skepsels, lykas broer Sinne, suster Moanne, broer Wyn, suster Wetter, broer Fjoer, suster Ierde en sels de lichaamlike dea as in suster.
Sintraal yn de 800 jier Sinneliet-betinking stiet lykwols in grutte eksposysje yn de Dominikustsjerke yn Ljouwert.
Leafst 32 Fryske keunstners toane dêr wurk dat ynspirearre is troch it Sinneliet. Elk fansels op syn of har folslein eigen wize.
Sa is der wurk te sjen fan Anne Woudwijk, Tsjêbbe Hettinga, Tina de Groot en tal fan oaren, ûnder wa ek in groep keunstners mei in ferstanlike beheining.
De eksposysje wurdt iepene troch Peter Vermaat op earste pinksterdei en is dan noch oant 6 july te sjen op woansdei, sneon en snein fan 14.00 oant 17.00 oere.
Angela Twickler
© Omrop Fryslân, René Koster
De spin yn it web by de organisaasje is Angela Twickler fan Ljouwert. Sy is ek ien fan de driuwende krêften efter de spesjale Sinnelietkuier.
"Het leert ons om, net als Franciscus, nederig te worden en te genieten van de schoonheid van de natuur, direct om ons heen", seit Twickler.
Dizze kuier begint by de Bonifatiustsjerke en komt úteinlik út yn de Dominikustsjerke.
Underweis wurdt mei strofen út it Sinneliet stilstien by tal fan griene plakken yn de stêd.

Leaver harkje?

Dit ferhaal is as reportaazje te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries. Fierder is de podcast beskikber op de bekende platfoarms.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.