Omrop Fryslân

Nei swiere ferslaving draaft Lennart út Ljouwert no foar de maraton fan Tokio

Lennart by syn eardere hangplak by De Harmonie
© Omrop Fryslân
"Vroeger dronk ik marathons, nu ren ik ze." De 35-jierrige Lennart Klaassen út Ljouwert hat in bysûnder doel foar eagen: it rinnen fan de maraton fan Tokio yn 2026. Dêrby hellet er jild op foar KiKa.
Oant trije jier lyn wie Klaassen ferslave oan alkohol en drugs. Syn ekstreme ferslaving hat er omset yn in oare ferslaving: hurddraven. Sa rûn hy al twa heale maratons op in dei, draafde er 50 kilometer yn fiif oeren en traint hy no foar de maraton fan Tokio fan takom jier.
Troch mei in crowdfunding 10.000 euro op te heljen foar KiKa wol Lennart syn sportive dream wiermeitsje en syn ferslavingstiid achter him litte.

Hup, nei bûten ta

Somtiden freget Klaassen him wolris ôf wêrom't it sa misgong. Syn âlden skieden doe't er trije wie en syn broer en suske hiene ekstra omtinken nedich. Hy socht ûntsnapping yn it gamen. Syn mem fûn dêrom dat er mear nei bûten ta moast.
"Ik was zeventien, achttien en toen zei mijn moeder: je moet meer naar buiten, met je vrienden hangen. Maar mijn vrienden waren eigenlijk altijd aan het gebruiken."

Libben sûnder doel

Jierrenlang draaide syn libben om útgean, drugs en alkohol. "Ik had geen toekomstbeeld. Elke dag kon zomaar mijn laatste zijn", fertelt er earlik.
Vroeger liet ik mezelf in de steek. Nu vecht ik voor mezelf én voor anderen.
Lennart Klaassen
Op syn djiptepunt sprong er ûnder ynfloed yn in grêft yn Ljouwert, yn 'e hoop dat it misgean soe. Mar hy oerlibbe en krekt dat waard syn kearpunt. "Hardlopen werd mijn nieuwe verslaving. Alleen, deze is gezond."

113

Tinkst oan selsdeading of makkest dy soargen? Prate oer selsdeading helpt en kin anonym. Belje kin mei 0800-0113 of chatte fia www.113.nl.
Yntusken hat er himsels útdage ta ekstreme sportprestaasjes, lykas 50 kilometer op ien dei en twa heale maratons op ien dei.

Rinnen foar rêst en hâldfêst

De maraton stiet foar Klaassen symboal foar herstel, krêft en in nije takomst. Hy traint hurd, wurket oan syn mentale sûnens en fynt stipe by minsken om him hinne. "Vroeger liet ik mezelf in de steek. Nu vecht ik voor mezelf én voor anderen."
Hy hat in baan yn it Frisius MC as fasilitêr meiwurker en folget in kursus ta personal trainer.
Lennart op syn trainingsrûte troch Ljouwert
© Omrop Fryslân
Klaassen hat troch de jierren hinne leard om net allinnich fysyk, mar ek emosjoneel yn beweging te kommen.
"Vroeger schaamde ik me voor mijn gekkigheden of gevoeligheid. Nu zie ik: dat is m'n innerlijke kind. Daar loop ik tegenwoordig samen mee door de stad. Soms springen we even op een muurtje of huppel ik gek door het park, en dat mag gewoon."
It akseptearjen fan dat diel fan himsels hat him net swak, mar krekt sterker makke. "Ik dacht altijd dat het onvolwassen was, maar inmiddels weet ik: ik heb verantwoordelijkheid én speelsheid. En dat maakt me compleet."
Lennart mei syn maat yn it Rengerspark
© Omrop Fryslân
Klaassen is sels ynfekteare mei it hurddraaffirus en hat ek freonen besmet. Freon Kevin van As is grutsk op syn maat: "Ik ben supertrots op hem. Als je ziet waar hij vandaan komt, is het heel knap."
Van As seach dat Klaassen net goed syn grinzen beweitsje koe mei drank en drugs. Dêrom is hy tige wiis mei dizze nije 'ferslaving'.

Maraton Tokio as nij doel

It nije doel fan de Ljouwert is it draven fan de maraton fan Tokio. Hy docht dat net allinnich foar himsels, mar ek foar KiKa. Hy wol dêrmei 10.000 euro ophelje. "Als ik iets wil bereiken, moet ik ergens voor gaan. Dit is mijn manier om iets terug te doen én te laten zien dat veranderen wél kan."
Sûnt maart is er dwaande mei aksjes en sponsorinisjativen. De teller stiet yntusken op mear as 4.400 euro.

In nije start

Wat begûn as in flecht út de werklikheid, einiget no mei in ynternasjonale rin foar in goed doel. "Vroeger dronk ik marathons, nu ren ik ze", seit er mei in glimk. Yn Tokio wachtet gjin einpunt, mar in nij begjin.

Leaver harkje?

It ynterview mei Lennart Klaassen siet yn ús radioprogramma Buro de Vries.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere. It programma is ek as podcast te finen op de bekende platfoarms.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.