Omrop Fryslân

Studinten siede iten yn doarpstún: "Krom en smoarch, mar folle lekkerder as fan de gruthannel"

Studinten riede de high tea ta yn de pop-upkeuken
© Omrop Fryslân, Elbrich Kamstra
Tusken de krûdebêden fan de Doarpstún yn Snakkerbuorren wiist studint Tim de ferskillende plantsjes oan. "Munt, tijm, laurier - alles wat je kunt bedenken staat hier wel", seit hy. "Wat wij in de keuken gebruiken, groeit hier mooi. Dan is het zonde om het te bestellen."
Fiif wiken lang siede njoggen studinten fan koksoplieding fan Firda mei yngrediïnten fan eigen grûn.
Gjin skjinne kratsjes mei kearsrjochte woartels fan de gruthannel, mar woartels dy't krom binne en swart fan de ierde.
Studint plôket goudsjeblommen foar it gerjocht
© Omrop Fryslân, Elbrich Kamstra
Yn in grutte wite tinte riede de studinten in high tea ta foar de túnfrijwilligers. It slotstik fan it projekt. Op it menu steane woartelcake mei selskweekte woartels en sûkeladetaart mei truffel. Ek servearje se sjampanje mei finkelsiroop en jeneverbessjelei.
"De yngrediïnten binne net perfekt", seit in studint. "Ungelyk en smoarch fan de grûn. Mar se binne allegear like lekker."

Fan dokumintêre nei praktyk

It idee foar it projekt ûntstie ûnder in flecht nei Turkije, doe't dosint Patricia Dijkstra-Bekkema in studint fertellen hearde oer in dokumintêre fan de Amerikaanske sjef Dan Barber.
Studinten sette de gerjochten op tafel foar de high tea
© Omrop Fryslân, Elbrich Kamstra
'Dat kinne wy hjir ek', tocht se. De doarpstún oan de râne fan Ljouwert waard partner fan it projekt.
De studinten wurkje yn wikseljende tsjinsten yn kas, tún en keuken. Harren menu wurdt net bepaald troch de lesboeken, mar troch wat der beskikber is. "In wike lyn hiene we ynienen in enoarme lading slaad", fertelt Dijkstra-Bekkema. "Dan moatst wat betinke."
Itensiede yn de doarpstún
Foar Tim is it wurkjen yn de tún in moaie ôfwikseling. "Ik vind dit veel leuker dan de gewone lessen. Je leert werken met lokale producten en merkt hoeveel moeite het kost om iets te laten groeien. Daar had ik eerder geen besef van."

Groeiende trend

It projekt past yn in bredere ûntwikkeling. Yn 2023 ferkochten neffens sifers fan Universiteit Wageningen goed 7.800 Nederlânske boeren harren produkten fia in koarte itensketting - 9 persint mear as trije jier earder.
De totale omset wie 2,2 miljard euro. "Yn Fryslân hast produkten genôch", seit in studint. "Hoechst it echt net fan fier te heljen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.