Omrop Fryslân

Lêste yn de Fytsalvestêdetocht en dochs de rapste: "Petsje ôf foar dizze man"

Betide start yn Boalsert yn 2025
© Omrop Fryslân
De Fytsalvestêdetocht is gjin wedstriid, mar guon dielnimmers meitsje der dochs in sport fan om as earste oer de einstreek yn Boalsert te kommen. Mar de earste is dochs net altiten de bêste of de fluchste?
Om twa oere middeis kamen de earsten yn Boalsert troch de finish: it wie Sjoerd Galema fan Koudum tegearre mei in pear fan syn fytsmaten. Hast tsien oeren letter kaam Sven Wind fan Grins as lêste oer de streek, mar likegoed levere hy miskien dochs wol de meast yndrukwekkende prestaasje.

Gjin wedstriid

De earste groep begûn om 5 oere moarns. Sjoerd Galema hat in timmerbedriuw yn Koudum en die foar de achtste, njoggende of tsiende kear mei oan de tocht: "Dat hâld ik net echt by."
Hy siet by de groep dy't Pinkstermoandei nei 235 kilometer fytsen as earste wer yn Boalsert wie. "Nee, dêr haw ik net echt op koerst", seit er. "It is gjin wedstriid."
Sjoerd begûn yn de fjirde startgroep: "Dy earste groepen moatst efkes foarby, mar fan Harns ôf hiene wy frij baan."
Foaroan sammelje alle jierren allegear lytse groepkes harren: út Warkum, Ljouwert, Boalsert, Koudum en ek út oare plakken.

Net altyd in posityf imago

Falt der noch wol wat te genietsjen as je sa fluch mooglik troch de provinsje fytse? Neffens Sjoerd Galema wol.
"Jawol, ik krij genôch fan de omjouwing mei", seit er. "Wy genietsje echt wol ûnderweis."
Hy ken it byld dat guon minsken fan hurdfytsers hawwe: "Wy hawwe net altyd in posityf imago. Minsken tinke: 'Dy sjogge neat en tinke dat de dyk folslein fan harren is en tinke der net om.' Ik lit dat mar sa, mar foar ús groep jildt dat yn alle gefallen net."
De earste fytsers al yn Harns, moarns om healwei sânen
© CAMJO Media
Wat goed holp, wiene de omstannichheden. Op in inkelde bui nei wiene de omstannichheden ideaal.
In soad ekstra trainingskilometers lei Sjoerd yn it foar net ôf. "Ik train net spesifyk foar de Fytsalvestêdetocht", seit er. "It moat ek wat yn je sitte." Boppedat hat er it net altyd oan tiid.
"Ik sit sa'n twa kear yn de wike op de fyts", seit er. "Ik haw ek noch in eigen bedriuw, dêr moatte je wat lykwicht yn sykje."

De lêste fytser

Sven Wind kaam as lêste fytser binnen. It wie doe in kertier foar middernacht. Net dat er it rêstich oan die, it tsjindiel is wier.
Hy gie fan start om tweintich foar seizen moarns, mar nei 235 kilometer fytsen, die er deselde rûte noch in kear.
Twa alvestêdetochten op ien dei, hast 470 kilometer yn totaal, en dat koe dus krekt. It kaam der wol efkes op oan.
Om it middeisoere hinne op tiisdei hie er de sliep út.
Sven Wind fytst tocht twa kear
© Omrop Fryslân, Sjoerd Dijkstra
"Eigenlijk was ik ook als een van de eersten binnen", laket er.
Yn stee fan yn it sintrum fan Boalsert te bliuwen, gie er nei hûs, naam in board pasta, pakte noch wat iten foar ûnderweis en stapte wer op de fyts foar nóch in rûntsje Fryslân.
Ferline jier besocht er dat ek al, mar dat mislearre. It waar waard minder en yn Ljouwert moast er mei ûnderkuollingsferskynsels fan de fyts ôf.
Mei de auto waard er doe werombrocht nei Boalsert.

"Zo lang in het zadel is niet heel prettig"

"Dat stak me nog steeds wel een beetje", seit Sven, no studint Bedriuwskunde yn Grins, mar berne yn Boalsert. "Ik wist dat ik het kon en wilde het nog eens proberen."
En diskear slagge syn besykjen dus wol, al kaam er net earder as in kertierke foar de deadline oer de einstreek.
By syn twadde poging fytste er in soad allinnich, hy lei in healoere achter op de minsken dy't as foarlêste oer de finish kamen, en in soad tsjin de wyn yn. Dat wie it dreechste part.
Dochs fernuvere Sven himsels: "De laatste 97 kilometer kon ik het goed volhouden. Dat verbaasde me wel een beetje, dat ik nog zo goed herstelde. Vanaf dat moment kon ik steeds wel een tempo van boven de 27 kilometer per uur aanhouden."
Sven Wind lokwinske troch foarsitter Stephan Rekker
© Omrop Fryslân, Sjoerd Dijkstra
Dissipline en training binne essinsjeel, neffens Sven.
"Je zit tussen de zestien, zeventien uren op de fiets", seit er. "Zo lang in het zadel is niet heel prettig."
Hy is fit en faak mei sport dwaande. Hy docht fjouwer kear yn de wike kardio en die de lêste wiken mear oan hurddraven as oan fytsen.
"Ik dacht dat ik zulke stijve spieren zou hebben, dat ik half van de trap af zou vallen. Maar dat viel me alles mee."
Sven Wind fytste de tocht twa kear
Sven krige ûnderweis ien kear in flinke bui oer him hinne, mar hy hie in bytsje gelok mei it momint wêrop't dat barde.
"Ik was toen al vlakbij de post in Oudemirdum en kon daar schuilen", fertelt er. "Daar heb ik gewacht tot het weer droog was. Het duurde misschien een minuut of vijf. Ik denk dat anderen daar meer last van hebben gehad."
De dei nei de tocht fielt er him prima.
"Ik dacht dat ik heel stijve spieren zou hebben, dat ik half van de trap af zou vallen", seit er. "Maar dat viel me alleszins mee."
De kâns dat er dizze prestaasje nochris werhellet, is net hiel grut: "Dat vuurtje is er nu wel een beetje uit. Na vorig jaar had ik echt het gevoel dat ik het nog eens wilde proberen. En nu is het gelukt."
Sven Wind fytste hast 470 kilometer op Pinkstermoandei
© Omrop Fryslân, Sjoerd Dijkstra
As Sjoerd Galema heart fan it ferhaal van Sven Wind falt er earst efkes stil.
"Dat is hielendal in topprestaasje", seit er dan. "Petsje ôf foar dizze man."
Sjoerd Galema ken Sven wol: "Dêr sit wol in wedstriidkopke op. Ik tref him wol wer ris en dan moatte we it der mar efkes oer hawwe."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.