Omrop Fryslân

HEA! Sile mei in beheining: "Je bent gelijk aan iedereen"

Wettersporte mei in beheining
Ritske van der Meer fan Grou rekke as jonkje fan sân jier âld ferslingere oan silen. Troch in autoûngelok yn 1993 rûn hy in dwarslaesie op en rekke hy fan ûnderen ferlamme. Hy hat alles op alles setten om wer sile te kinnen.
It silen moast wer nûmer ien foar him wurde. Yn in spesjale boat dy 't net omslaan kin genietet hy wer folop fan syn passy. "Het is het zeilen, de wind, de vrijheid. Je laat je beperkingen aan de wal, je bent gelijk aan iedereen."
Yntusken organisearret hy mei de kommisje Alles is Mooglik, ûnderdiel fan KWF Frisia yn Grou, sylwedstriden foar minsken mei in beheining. En fansels docht hy dan sels ek graach mei!

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.