Omrop Fryslân

Soepboer duvelsk oer brûken fan stielslakken: "Sinjalen struktureel negearre"

Wurk oan de stielslakken yn de Sintrale As
© RTV NOF
Keamerlid Aant Jelle Soepboer fan Nieuw Sociaal Contract (NSC) is duvelsk oer it brûken fan stielslakken. Earder waard dúdlik dat dit materiaal by meardere projekten yn Fryslân brûkt is, wylst dat net mear soe.
Ut in ûndersyk fan radioprogramma Nieuws & Co en Nieuwsuur (NOS/NTR) die bliken dat it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat Tata Steel oant twa kear holpen hat by it ôfsetten fan it fersmoargjend restprodukt.
Yn Fryslân binne stielslakken ûnder mear yn it projekt fan de 'Heak om Ljouwert' en by de oanlis fan de Sintrale As brûkt. De 'Heak om Ljouwert' wie ien fan de proefprojekten yn 2012, mar dat wist de provinsje hielendal net.
It provinsjebestjoer wie ek net op de hichte fan eardere problemen mei stielslakken, sei in wurdfierder.

Wat binne stielslakken?

Stielslakken wurde yn Nederlân makke troch Tata Steel. It is in oerbliuwsel nei de produksje fan stiel: in griis stieneftich guod dat swiere metalen befettet. Tata Steel kin der neat mei, mar produsearret wol sa'n 650.000 ton stielslakken yn it jier. Dat komt del op sa'n 26.000 frachtweinen.
De Nederlânske oerheid stimulearret de saneamde sirkulêre ekonomy: ôffal moat sa folle mooglik op 'e nij brûkt wurde. Bedriuwen dy't stielslakken produsearje en ferkeapje, bestimpelje it dêrom graach as boumateriaal en net as ôffal.
"Ik bin hjir echt duvelsk oer", seit Soepboer. "It is net dat we hjir no ynienen achterkomme, dit is al jierren bekend."
"Der binne sinjalen struktureel negearre. Der is gewoan trochgien mei it brûken yn pilotfoarm. En dan komme je derachter dat dy rotsoai wol yn de grûn sit en de boarger is gewoan trije kear de lul, want de omjouwing en de sûnens fan de boarger is yn gefaar."

Net mear brûke

"It alderearste dat je no dwaan moatte, is soargje dat dy rotsoai net mear brûkt wurdt", seit Soepboer dúdlik.
"Ik ha it de steatssekretaris noch net lûdop sizzen heard. Dy seit min of mear 'het is wel heel gevaarlijk voor kinderen, maar in Friesland gaan we er nog wat pilots mee doen'. Dat kinne je dochs net sizze? Ik tink: kap der gewoan mei no!"
"Wy wolle dat dejinge dy't it brûkt ek foar de gefolgen derfan stiet. En dat wie no just it tsjinoerstelde. It is skandalich", mient Soepboer.
Aant Jelle Soepboer
© Shutterstock.com (Orange Pictures)
By it brûken fan stielslakken is sprake fan fersmoarging fan 'e boaiem. Dat bart as it produkt yn kontakt komt mei grûn - of reinwetter. Dat wetter krijt dan in ferhege pH-wearde, fergelykber mei goatstienûntstopper.
"Rotsoai", neamt Soepboer it. "Hoe kinst dan mei drûge eagen sizze dat we der noch wol pilots mei dogge? Dat kinne je dochs net betinke? It is bespotlik! Hjir is it lêste wurd noch net oer sprutsen."

De boargers beskermje

Mar wa is dit te ferwiten? "Do kinst sizze dat Tata Steel de fout is. Mar kinst ek sizze: de regearing hat tsjin alle advizen yn sein 'gean it mar gewoan brûken'. En sterker noch, de oannimmer dy't it brûkt krijt ek noch in pear sinten ta."
"At je witte dat it skealik is, mar je sizze dat it brûkt wurde mei en je stimulearje dat, miskien binne je dan ek de fersmoarger. De wierheid leit wat my oanbelanget tusken dy beide partijen yn."
Soepboer betwivelet dan ek oft de oerheid de juste ôfwaging makke hat yn it hiele proses. "In oerheid moat der wêze om syn boargers te beskermjen. Binne se yn dit gefal foar harren boargers stean gien of hawwe se nei in oar belang lústere?"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.