Omrop Fryslân

Arie, de slûswachter op de scooter

Slûswachter Arie
De drokke tiid is wer oanbrutsen foar slûswachter Arie Jonkman fan De Gordyk. Tusken maaie en heal septimber betsjinnet hy mar leafst tsien brêgen en ien slûs yn de Turfrûte.
Arie fynt it bûten wurkjen en lekker fysyk dwaande wêzen it moaie oan syn baan. En der moat wol wat barre: trije brêgen geane elektrysk, mar de oare flap- en draaibrêgen moatte mei mankrêft yn beweging brocht wurde.
Om oeral op 'e tiid by te wêzen, hat Arie in fyts tawiisd krigen. Mar hy rydt leaver op syn scooter hinne en wer tusken alle keunstwurken.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.