HEA! Stjoerhutte yn de tún
HEA! Boppe de bank: Stjoerhutte
Ronny Lutam yn Haulerwyk hat in bysûnder keunstwurk boppe de bank te hingjen. Mar yn de tún hat Ronny noch wat bysûnders: in stjoerhutte.
Ronny en syn man wiene altyd al fan doel om in stjoerhutte te keapjen. Fia ynternet hawwe se in boat kocht, en de stjoerhutte der ôfhelle.
Troch in transportbedriuw is de hutte oer it gersfjild yn harren tún delset. Ronny en syn man sitte der simmerdeis faak yn om fan it útsjoch te genietsjen.