Omrop Fryslân

Learlingen bûgden harren hjoed oer it eineksamen Frysk; soesto slagje? Doch hjir de test

Learlingen dwaande mei it eksamen Frysk
© Omrop Fryslân
It sit derop: alle eineksamens hawwe west. Moandei wie it tiid foar fakken as Arabysk, Spaansk, Turksk en Frysk. Sa ek op it Bogerman yn Snits. Dêr sieten learlingen te stinnen op it eksamen Frysk.
De bern hienen oant 11.30 oere de tiid om it eksamen ôf te meitsjen, mar Fleur Bonga stiet even foar alven al bûten. "It wienen mar twa teksten, dus ik fûn it wol te dwaan", seit se.

Mear eineksamens Frysk as ferline jier

Bonga is ien fan de trije havolearlingen dy't harren op it Bogerman oer Frysk bûgden. Dêrnjonken hawwe fjouwer vwo'ers op de skoalle eineksamen Frysk dien.
Yn hiel Fryslân wienen der 78 op it vmbo, 58 op de havo en 20 op it vwo dy't it eineksamen Frysk makke ha. Dat binne der 21 mear as ferline jier.
Neffens Bonga is Frysk in pittich fak. "It hat net echt boeken, dus it wie in soad sels útsykje, mar dat makket it wol útdaagjend en moai."
Learlingen yn Snits dwaande mei it eksamen Frysk
Pieter Duijff hat de eksamenlearlingen de ôfrûne jierren begelaat mei it Frysk. De dosint is tefreden mei de eksamenteksten. "Ik bin ek bliid dat ik hearde dat de bern seinen: it wienen moaie teksten om it eksamen foar te meitsjen."

Eksamen giet oer teksten

Yn de ôfrûne jierren hawwe de learlingen fan alles leard: oer de skiednis fan de taal en de Fryske kultuer, mar ek oer hoe'tst Frysk skriuwe moatst.
Op it skriftlik eineksamen giet it oer tekstbegryp: "Se moatte witte hoe't in tekst yninoar sit: kwa tekstferbannen, stilistyk. En se moatte fansels begripe: wat stiet dêr?", fertelt Duijff.

Doch de test

Wy hawwe in pear fragen út it havo-eksamen Frysk helle. Bisto benijd oftst slagje soest? Doch hjir de test.
Skoalbernefakbûn LAKS pleitet derfoar om it skriftlik eineksamen minder wichtich te meitsjen. No telle de eksamens foar 50 prosint fan it einsifer mei. It LAKS fynt it net earlik dat in momintopname sa bot meitelt. Neffens de organisaasje soe it eineksamen noch mar foar 25 prosint meitelle moatte.
Fryskdosint Duijff is it dêrmei iens. "Taal is mear as allinnich lêzen. De bern leare skriuwe, begripe, se krije wat mei oer de Fryske kultuer. Al dy ûnderdielen sitte net yn it eksamen. Dus ik ha wol begryp foar dizze aksje."
Dit buordsje kin no wer even fuort
© Omrop Fryslân
De learlingen dy't hjoed eineksamen dienen yn Frysk, makken har dêr net drok oer. Sy wienen derop konsintrearre om noch ien kear te knallen.
En no is it tiid foar ûntspanning. "Ik sil leuke dingen dwaan mei myn freonen en gewoan lekker genietsje", seit Bonga. En Marije de Boer, dy't it eksamen ek makke hat seit: "Wy sille no op fakânsje nei Zakynthos, dus dat wurdt hartstikke moai", laket se.
Op tongersdei 12 juny hearre de learlingen oft se slagge of sakke binne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.