Omrop Fryslân

Mei dizze trije tips komsto dyn eineksamen goed troch

Jaap Reiker, dosint en eksamentrainer
© Omrop Fryslân
It is miskien wol de spannendste tiid foar learlingen op it fuortset ûnderwiis, want de eineksamens begjinne freed. Kinst it dysels in stik makliker meitsje troch goed taret te wêzen.
Dosint en eksamentrainer foar natuerkunde Jaap Reiker jout trije tips foar wa't optimaal klear wêze wol foar de eksamens.

Tip 1: Meitsje in goede kar fan wêr'tst begjinst

Begjin net mei de earste opjefte as dat in opjefte is dy'tst net begrypst. As de fjirde opjefte in ûnderwerp is dêr'tst dy goed by thúsfielst, moatst dêr begjinne. Dêrtroch krijst mear fertrouwen yn dysels en dat helpt om mei in posityf gefoel oan de dregere fragen te begjinnen.

Eksamens, útslaggen en werkânsingen

De eineksamens binne fan 9 oant 26 maaie. Op de earste dei begjint it vmbo mei it Ingelsk, de havo mei natuerkunde en it vwo mei Nederlânsk.
Op 12 juny krije alle learlingen te hearren oft se slagge binne of net. De werkânsingen binne fan 17 oant 24 juny. De útslach dêrfan is op 1 july.
By dregere fragen is de kâns grutter datst fêstrinst. Dat soarget foar frustraasje en kin dy negatyf beynfloedzje by de rest fan it eksamen. Troch dy drege opjeften foar de ein te bewarjen, is de kâns lytser datst fêstrinst.
It eksamen hoechst net yn de folchoarder fan de fragen te meitsjen. Troch te begjinnen mei de fragen dy'tst makliker fynst, hâldst ek mear tiid oer foar de dregere fragen. Soargje der fansels wol foar dat de fragen yn gronologyske folchoarder op papier stean.

Tip 2: Wurkje strukturearre

Besykje om foar eltse haadopjefte ien blêd te pakken. Dan hâldst alles per haadopjefte moai byinoar.
De eineksamens begjinne freed mei Ingelsk (vmbo), natuerkunde (havo) en Nederlânsk (vwo)
© ANP
Dit jout net allinnich struktuer op it papier, mar ek rêst yn 'e holle. Dêrtroch wurkest in stik produktiver en dat soarget foar bettere resultaten.
In eksamen hat faak beheinde tiid. Wurkje mei struktuer helpt dy om dyn tiid effektyf te ferdielen. De kâns op stress en in black-out is grutter by in eksamen. In strukturearre oanpak helpt dy om dat foar te kommen en stap foar stap te wurkjen.
Boppedat helpt in strukturearre oanpak om oersjoch te hâlden op papier: sa witst hokker fragen oftst ôfwurke hast en hokker oft noch iepensteane. It helpt dy om dyn konsintraasje te bewarjen, yn stee fan datst hieltyd hinne en wer moatst en dan ferjitst wêr'tst ek alwer wiest.

Tip 3: Sjoch wêr'tst direkt punten mei skoare kinst

Dizze tip slút oan op de earste. Ast bygelyks in begryp sjochst dat omrekkene wurde moat nei in oare ienheid, begjin dêrmei. Dat smyt meastal al in punt op.
Learlingen krije eksamentraining
As twadde, skriuw by eksakte fakken alfêst de formule op as dy by in fraach heart. By grafiken; sjoch dêr goed nei. Grafiken betsjutte of in rekkenmetoade of in oerflaktemetoade. Dit kinst al ûnôfhinklik fan de fraach dwaan.
Troch te sjen wêr'tst direkt punten mei skoare kinst, besparrest wer tiid. Dan hast de punten alfêst binnen dêr'tst wis fan bist en litst net ûnnedich punten lizze, omdatst oan de ein noch in soad dwaan moatst.
Troch de maklikere fragen gau te beäntwurdzjen, hâldst mear tiid oer foar dregere fragen.
Reiker tinkt dat dit de belangrykste tips binne. Ast dizze trije tips hantearje kinst, dan bist in hiel ein op 'en paad, seit er.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.